Ferhearliking op 'e Berch

(Trochferwiisd fan Ferhearliking op de Berch)

De Ferhearliking op 'e Berch of de Transfiguraasje fan Jezus is in foarfal dat neamd is yn it Nije Testamint fan de Bibel, dêr't de stal fan Jezus feroare yn in glâns fan ljocht op in berch. De Synoptyske evangeeljes (Mattéus 17:1-8, Markus 9:2-8, Lukas 9:28-36) neame it en de Twadde Brief fan Petrus (2 Petrus 1:16-18) ferwiist dernei. It is ek achte dat it earste haadstik fan de Evangeelje fan Jehannes der op doelde (Jehannes 1:14).
Neffens dy skriften klom Jezus mei syn apostels Petrus, Jakobus en Jehannes de Ferhearlikingsberch op om dêr te bidden. Op de berch feroare it wêzen en de klean fan Jezus yn in himelske glâns. Mei Jezus ferskynden de profeten Moazes en Elía en Jezus prate mei harren. Doe waard Jezus Soan neamd troch in stim út de himel.
In soad kristlike tradysjes, bygelyks de Eastersk-Otterdokske, Roomsk-katolike en Anglikaanske tsjerken, fiere noch hieltyd de Ferhearlikingsdei.

De Ferhearliking op 'e Berch, dêr't Moazes en Elia ferskynden mei Jezus, wêrby't dy syn stal feroare
Carl Bloch (1834–1890)

Neffens de evangeeljes nimt Jezus syn dissipels Petrus, Jakobus en Jehannes mei him mei en hja klommen op in berch, dêr't de namme net fan neamd is. Doe't hja op de berch wiene, feroare neffens Mattéus 17:2 de stal fan Jezus foar harren; "Syn gesicht begûn as de sinne te skinen en syn klean waarden sa wyt as ljocht". Doe seagen se ynienen de profeten Moazes en Elía mei Jezus te praten. Neffens Lukas waard der praat oer Jezus syn yntocht yn Jeruzalim en de Opstanning.
Op it stuit dat de profeten begûnen te ferfarren frege Petrus oan Jezus dat de dissipels trije tinten opsette moatte soene; ien foar him en ien foar elts fan de profeten. Ear't Petrus noch útpraat wie, ferskynde der in wolk dêr't in stim út wei kaam en sei: Dit is Myn Soan, Myn ynleave Jonge, dêr't Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him. Doe foelen de dissipels plat op de grûn en wiene se sa kjel. Mar Jezus bûgde oer harren en sei harren oerein te kommen en om mar net bang te wêzen. Doe't de dissipels omheech seagen, seagen se allinne Jezus en seagen se de profeten net mear.
Doe't hja de berch del giene fertelde Jezus harren: Fertel gjinien wat jimme sjoen hawwe, ear't de Minskesoan út 'e dea ferriisd is. It is beskreaun dat de dissipels inoar ôffregen wat Jezus bedoelde mei "út de dea ferriisd is".

Taheake oan de synoptyske evangeeljes, beskriuwt Petrus yn 2 Petrus 1:16-18 oer himsels dat er tsjûge fan de ferhearliking wie. Fierders yn it Nije Testamint it ferwizen fan Paulus yn 2 Korintiërs 3:18 nei de Hearlikheid fan de Hear as yn in spegel oanskôgje, dat it teologyske grûnwurk waard foar leauwigen oer it bestean fan God.
Alhoewol't Mattéus 17 Jehannes as ien fan de oanwêzige dissipels neamt, fertelt de Evangeelje fan Jehannes dêr neat oer. Dat late ta redendielen tusken gelearden, dêr't guon drúsken oer wa't de skriuwer fan de Evangeelje fan Jehannes wie. Oaren hiene dêr in útlis fan. Eusebius fan Caesarea oppenearre dat de Evangeelje fan Jehannes in taheaking wie fan de oare evangeeljes en dus net foarfallen dûbeld neame woe. Oaren tinke dat de Evangeelje fan Jehannes op de Ferhearliking doelde sa as yn Jehannes 1:14. Dat wie net it iennige foarfal dat net neamd wurdt yn de Evangeelje fan Jehannes. Ek it ynstellen fan de Nachtmiel yn de Lêste Nachtmiel is in foarbyld dêrfan.

De Ferhearliking wie ien fan de wûnders fan Jezus yn de Evangeeljes. Dy wûnder wie bysûnder neffens de oare wûnders, om't de wûnder Jezus sels beluts. Neffens Tomas fan Akwino wie de Ferhearliking de "grutste wûnder", om't it in oanfolling fan de doop en it liet de folsleinens fan it libben yn de himel sjen. De Ferhearliking wie ien fan de grutte fiif foarfallen yn de Evangeeljes oer it libben fan Jezus: de Doop, it Krusigjen, de Opstanning en de Himelfeart.
Yn it Kristlike leauwen is de Ferhearliking in wichtich momint en it foarfal op de berch wurdt sjoen as it punt dêr't de minske God temjitte komt: it moetingsplak fan it tydlike en ivige dêr't Jezus de ferbining fan is. Boppedat leauwe kristenen dat de Ferhearliking it ferfoljen fan in foarsizzing út it Alde Testamint wie, dêryn't Elía nei syn himelfeart wer weromkomme soe. (Maleächy 4:5-6)

Oanwêgens fan de profeten

bewurkje seksje

Under in soad teologyske gelearden is der in soad redendield oer de oanwêzigens fan de profeten en de gewaarwurding fan de dissipels. Origenes wie de earste dy't neamde dat de oanwêzigens fan Moazes en Elía de "Wet en de Profeten" fan de Torah, en de rest fan de Hebriuwske Bibel, fertsjintwurdige. Marten Luther seach dat ek sa en tocht dat harren erkenning en petear mei Jezus as in symboal hoe't Jezus de "Wet en Profeten" ferfolle hie.
Jehannes Krysostomos neamde trije mooglikheden wêrom't Moazes en Elía njonken Jezus setten waarden. Njonken harren fertsjintwurdiging fan de Wet en de Profeten, soe it kinne dat Moazes al dea wie en Elía noch as yn libben beskôge wurde koe. Om harren beide te neamen betsjutte it dat God in God fan de libbenen en de deaden wie. De oare mooglikheid dy't er neamde wie dat se eltsenien, dy't fisjoenen fan God hân hiene, fertsjintwurdigen.
Tsjerken en persoanen, dy't yn de Sliep fan de siel leauwe, leauwe net yn in lichaamlike oanwêzigens fan de profeten. Ferskate berjochten neame dat Jezus de Ferhearliking omskreaun hie mei it Grykske wurd orama, dat brûkt waard foar earder in supernaturale fyzje as in lichaamlik foarfal.

Lokaasje fan de Berch

bewurkje seksje
 
Fransiskaanske tsjerke fan de Ferhearliking op de berch Tabor

Gjinien fan de evangeeljes neame de lokaasje fan de Ferhearlikingsberch. Sûnt de tredde iuw hawwe in soad kristenen, wêrûnder Origenes, tocht dat de berch Tabor it plak fan de Ferhearliking wie. Origenes ferwiisde dêrmei nei Psalmen 89:12. Tabor hat foar in lang skoft it doel fan kristlike pilgrims west en is it plak fan de "Tsjerke fan de Ferhearliking".
Guon skiedkundigen drúskje oer Tabor as it plak en ferwize nei it allegeduerigen brûken fan de berch troch de Romeinen as boarch. Oaren stelle dat as de Romeinen der in boarch hiene, it net útsleat dat de Ferhearliking op dy berch plakfûn. De boarch soe neffens Flavius Josefus troch Antiochus de Grutte yn 219 f.Kr. boud wêze.
Oaren tinke dat Tabor te fier fuort wie en neame de bergen Nebo, Meron, Hermon. De reden fan Hermon wie, dat dy berch tichte by Caesarea-Philippi wie en neffens Mattéus wie it tichte by Casarea-Philippi.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Transfiguration of Jesus