Himelfeart fan Jezus

De himelfeart fan Jezus is in foarfal yn it kristlike leauwe dêr't Jezus fysyk fan de ierde nei de himel opfear en dêr't alve fan syn dissipels by oanwêzich wiene. Neffens it Nije Testamint barde de himelfeart fjirtich dagen nei Jezus syn opstanning. Neffens de kristlike tradysje, dy't ek neamd waarden yn de wichtichste kristlike leauwensbelidenissen, waard Jezus nei syn dea oan it krús troch God ferhearlike, út de dea wei ferriisd en opnaam yn de himel dêr't er oan de rjochter hân fan God sit.

Christi Himmelfahrt troch Gebhard Fugel, út 1893
Himelfeartskapel op de Oliveberch yn Jeruzalim

Justjes foar syn opfarren segene Jezus syn learlingen en joech harren de opdracht it blide boadskip oer gâns de wrâld te ferkundigjen. Dat late ta it ûntstean fan it Kristendom. Himelfeartsdei, de hjeldei dêr't de himelfeart fan Jezus betocht wurdt, wurdt op de fjirtichste dei nei Peaske, dy't op in tongersdei falt, nei fierd. De Eastersk-otterdokse tradysje brûkt in oar tsjerklik jier, dat wol op ta in moanne letter as de westerske tradysje rint. In soad Protestantske tsjerken binne ôfstapt fan dy hjeldei, wylst de Anglikaanske tsjerke it noch hieltyd wol fierd.

Neffens de Islaam waard Jezus nea krusige en ferriisde er dus ek net. Neffens de Koraan wie er troch God opnaam yn de himel.

Foarfal neffens it Nije Testamint

bewurkje seksje

It Evangeelje fan Lukas en it boek Hannelingen fan de Apostels, dy't troch deselde skriuwer skreaun waarden, jouwe de oarspronklike ferzje fan de himelfeart. Lukas 24 ferhellet hoe't Jezus de alve dissipels nei Betanië, in lyts doarp op de Oliveberch, bringt. Dêr hiet er harren yn Jeruzalim te bliuwen oant it kommen fan de Hillige Geast. It Evangeelje fan Mattéus einiget yn Mattéus 28 hommels mei de Grutte Opdracht en der wurdt neat oer de himelfeart neamd. It Evangeelje fan Markus neamt yn Markus 16:19 de himelfeart yn it koart, mar de measte teologen binne it deroer iens dat it haadstik Markus 16 letter oan de orizjinele ferzje taheake waard.

It barren yn Hannelingen 1 fynt fjirtich dagen nei de Opstanning plak en beskriuwt in miel dy't Jezus mei syn dissipels hie, dêr't er harren hiet te wachtsjen op it kommen fan de Hillige Geast. Doe fear Jezus foar harren op nei de himel en in wolk naam him wei út harren eachweid. Doe ynienen stiene der twa manlju yn wite klean by harren en seine dat "er weromkomme soe op deselde manier as jimme Him nei de himel tagean sjoen hawwe". It Evangeelje fan Lukas en it boek Hannelingen beskriuwe itselde foarfal, mar brûke ferskillende tiden. It Evangeelje fan Lukas neamt dat it foarfal op deselde dei as de Opstanning bart, en Hannelingen neamt dat it foarfal fjirtich dagen letter bart.

It Evangeelje fan Jehannes hat trije ferwizings nei de himelfeart yn Jezus syn eigen wurden: "Net ien is omheech gien nei de himel behalven Hy dy't út 'e himel delkommen is, de Minskesoan" (Jehannes 3:13); "En as jimme (de dissipels) dan de Minskesoan ris opfarren sjogge nei it plak dêr't Er earder wie?" (Jehannes 6:62); en oan Marije Magdalena nei de opstanning "Hâld My net beet, want Ik bin noch net opfearn nei Myn Heit..." (Jehannes 20:17).

Ferskate Brieven yn it Nije Testamint (Romeinen 8:34, Kolossers 3:1, Filippiërs 2:9-11, Timóteüs 3:16 en 1 Petrus 3:21-22) ferwize nei de himelfeart.

Belang foar it Kristendom

bewurkje seksje

Yn de kristlike teology binne de dea, de opstanning en de ferhearliking fan Jezus fan krúsjaal belang en dy foarmje it fûnemint foar it kristlike leauwen. De earste folgelingen fan Jezus leauden dat Jezus as earste fan de deaden opstie, ferhearlike waard en opnaam waard yn de himel, dêr't er oan de rjochter hân fan God sit. Psalmen 110:1 spile in wichtige rol yn de ynterpretaasje fan Jezus syn dea en syn ferskinings nei de opstanning: "Dit wie de Godsspraak fan 'e Heare oan myn hear: Gean sitten oan myn rjochterhân, oant Ik fan dyn fijannen dy in fuotbank meitsje". Dat makke de dea en opstanning fan Jezus foar syn folgelingen logysk.

Himelfeartsferhalen kamen yn de tiid fan Jezus gauris foar. It joech de godlikens oan foar in wichtich persoan sa as bygelyks de Romeinske keizer en wie, yn it Joadendom, in teken fan godlik goedkarren. Ek waarden yn Gryksk-Romeinske, ier-Joadske en ier-kristlike skriftlike boarnen nei garismatyske persoanen en persoanen mei profetyske en iepenbierjende jeften ferwiisd dy't himelske erfarings hiene en dy't kosmyske en godlike geheimen hiene.

Ferneamde persoanen yn it Joadendom dy't nei de himel opfearn wiene, wiene: Henoch (yn it boek Genesis); de fyfde iuwske sage Ezra; Barûch, it selskip fan de profeet Jeremia; Levy, de foarfaar fan de preesters; de profeet Elia; Mozes en de bern fan Job.

Bûten it Joadendom wiene der ek persoanen dy't nei de himel opfearn wêze soene , sa as bygelyks de Romeinske keizer Augustus, dy't foar de eagen fan de senators opfear; Romulus, de stifter fan Rome, ferfear lykas Jezus benefter in wolk nei de himel; de Grykske held Herkules en noch stikmannich mear.

Eastersk-otterdokse Himelfeartsdei
  De Wikipedy hat ek in side Himelfeartsdei.

De hjeldei fan de himelfeart, Himelfeartsdei, is ien fan de wichtichste kristlike hjeldagen, njonken de Passy, Peaske, Pinkster en Kryst. Himelfeartsdei wurdt tradisjoneel op de sechde tongersdei nei Peaske, de fjirtichste dei, fierd. Guon Roomsk-katolike tsjerkeprovinsjes fiere it lykwols by de mis op de folgjende snein, sa't eltsenien oanwêzich wêze kin. De hillige Hieronymus miende dat de Himelfeartsdei fan de apostels ôfkomstich wie, mar it wie yn werklikheid ynearsten part fan Pinkster (it kommen fan de Hillige Geast) en it ûntjoech him stadichoan fan de fjirde iuw ôf as in aparte hjeldei. Neffens Roomsk-katolike tradysje wurdt yn de trije dagen foar Himelfeartsdei de krúsdagen holden, dêr't God foar ferjouwing frege wurdt. Op de hjeldei sels wurdt der in prosesje mei fakkels holden, dy't ferwiist nei de gong fan Jezus nei de Oliveberch en syn opname yn de himel, it dôvjen fan de Peaskekers en in foarjûn, dêr't wyt de liturgyske kleur is.

Yn de Eastersk-otterdokse tsjerke wurdt it in moanne letter fierd, om't dêr in oar tsjerklik jier as yn de Westerske tradysje brûkt wurdt. De hjeldei waard nei de Reformaasje troch in soad protestantske tsjerken, sa as yn de Anglikaanske, Lutherske en measte Herfoarme tsjerken, trochsetten. In soad oare protestantske tsjerken fiere it lykwols net, om't dy harren net oan de tradisjonele kristlike kalinder fan hjeldagen hâlde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Ascension of Jesus