Himelfeartskapel (Jeruzalim)

De Himelfeartskapel is in kapel op de top fan de Oliveberch yn it eastlike diel fan Jerusalim. De kapel stiet op it plak dêr't Jezus neffens it bibelboek Hannelingen 1:9 opnommen waard yn 'e himel. Yn de kapel leit in stien yn de flier mei in ôfdruk fan in foet dy't oan Jezus taskreaun wurdt.

Himelfeartskapel
bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Kapel
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer

Al rillegau nei de dea en opstanning fan Kristus kamen iere kristenen yn it geheim gear yn in lytse grot op de Oliveberch om de himelfeart fan Jezus te betinken. Mei it Edikt fan Milaan fan de romeinske keizer Konstantyn de Grutte waard it mooglik om dat iepenlik te dwaan.

 
De (fermiende) ôfdruk fan de rjochter foet fan Jezus

Om likernôch 387 hinne stifte in fromme romeinske frou mei de namme Poimenia op de hjoeddeiske lokaasje in earste tsjerke. Dy tsjerke waard troch de perzyske troepen fan Khusro II yn 614 ferneatige. Tsjin it ein fan de 7e iuw waard in opfolger boud. De Frankyske biskop en pylger Arculf, dy't om 680 hinne Jeruzalim besocht, beskreau de tsjerke as in rûn bouwurk, iepen nei de himel en nachts ferljochte troch acht lampen mei ramen dy't op Jeruzalim rjochte wiene. Yn de tsjerke wiene yn in skryn de twa foetôfdrukken fan Kristus yn it stof te sjen. Ek dy tsjerke waard ferneatige, nei alle gedachten troch de Fatimidyske sultan Al-Hakim yn 1009.

 
Kristlike pylgers út Afrika yn de himelfeartkapel

De krúsfarders stiften om it jier 1150 hinne de hjoeddeiske kapel oer de stien mei de foetôfdrukken fan de Heare. Nei de ferovering fan Jeruzalim troch Saladin waard de kapel yn in moskee feroare en der waard in mihrab ynboud. Fanwegen it grutte tal kristlike pylgers joech Saladin wat letter opdracht om foar de moslims deunby in twadde moskee te bouwen. Alhoewol't de kapel noch jimmeroan ûnder islamitysk behear falt, is it hillichdom tsjin in fergoeding foar elkenien iepensteld.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De kapel is in ienfâldich bouwurk mei in trochsnit fan likernôch 6,60 meter. Fan bûten is it gebou achthoekich en mei bline nissen en romaanske kapitelen fersierd. Dat diel datearret fan de krúsfarderstiid, wylst it hegere diel út de tiid fan Saladin stamt. It oktagon giet oer yn in ek oktogonaal en mei smelle fjouwer finsters ferljochte tamboer mei ôfrûne hoeken. De kapel wurdt ôfsletten mei in koepel, dy't sawol binnen as bûten gjin fierdere dekoraasjes hat.

Fan binnen is de kapel rûn. Oan de muorre is yn de islamityske tiid in mihrab-nis ynbrocht. Oer de flier is in lyts rjochthoekich listwurk mei dêrbinnen de oarspronklike rots mei de (fermiende) rjochter foetôfdruk fan Jezus. Yn de midsiuwen waard de loftse foetôfdruk nei de Al-Aksamoskee oerbrocht.

Op himelfeartsdei hawwe katoliken tastimming om it feest yn de kapel te fieren. It is otterdokske kristenen net tastien harren earetsjinten yn de kapel te hâlden, sy moatte dat dat bûten dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Himmelfahrtskapelle (Jerusalem)