Tamboer (boukunde)

In tamboer of in koepeltrommel is yn 'e arsjitektuer in sirkelfoarmige of mearhoekige ûnderbou fan in koepel. De tamboer kin finsters ha en somtiden ek kolonnades, lykas by de Romeinske Sint-Piter en it Kapitoal yn Washington. It arsjitektoanyske foardiel fan 'e tamboer is dat de koepel heger is as sûnder tamboer, sadat de koepel mear opfalt. Ek de ynwindige ferljochting troch finsters kin in rol spylje.

A: Tamboer.
B: Pendintyf.

Koepels wurde fakentiden op 'e krusing fan in tsjerke set as it skip in dwersskip hat. De ferbiningen tusken de fjouwerkante opbou fan 'e krusing nei de sirkelfoarmige tamboer wurde pendintiven neamd.

De tapassing fan tamboeren by koepels datearret út de klassike âldheid. Yn 'e renêssânse, dy't him beynfloedzje liet troch de klassike âldheid, waard de koepel mei tamboer wer in soad tapast. In goed foarbyld dêrfan is de Santa Maria della Salute yn Feneesje, ûntwurpen troch de arsjitekt Baldassare Longhena (1598-1682). Ek it neoklassisisme hat in soad tapassingen fan dy boufoarm. Dêrfan is it Kapitoal yn Washington in ferneamd foarbyld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Joostdevree.nl, oproppen 28 oktober 2024