Pendintyf
Yn de arsjitektuer is in pendintyf in konstruksje dêr 't in rûne koepel boppe in fjouwerkante romte of in elliptyske koepel boppe in rjochthoekige romte mei pleatst wurde kin.[1] De pendintiven, dy 't trijehoekige segminten fan in bol binne, rinne oan 'e ûnderkant taps ta en spriede har oan 'e boppekant út om de ûnûnderbrutsen rûne of elliptyske basis te foarmjen dy 't nedich is foar in koepel. Yn mitselwurk fange de pendintiven sa it gewicht fan de koepel op en konsintrearje it op de fjouwer hoeken dêr 't it troch de pylders derûnder opfongen wurde kin.
In foarrinner fan it pendintyf is de tromp.
De earste eksperiminten mei pendintiven stamme út de lette Romeinske tiid, oan de ein fan de twadde en it begjin fan de tredde iuw. [2]. De folsleine ûntwikkeling fan de foarm waard berikt yn de sechsde iuw yn de Byzantynske arsjitektuer. [3] De Hagia Sofia te Istanbûl hat sa 'n koepel. [4] Yn renêssânske en barokke tsjerken waard in soad gebrûk makke fan it pendintyf.
De trijehoekige ferwulftflakken fan de fjouwer pendintiven binne faak beskildere en fersierd mei mozayk of reliëfs. Fanwegen it symboalyske getal fjouwer wurde dêr yn midsiuwske en moderne tsjerkegebouwen faak ôfbyldingen fan de fjouwer evangelisten en / of harren symboalen fûn - seldsumer binne ek portretten fan de fjouwer tsjerkfaren fan it Westen.
Galery
bewurkje seksje-
In beskildere pendintyf yn de Hillige Trije-ienheidstsjerke yn Fulnek
-
In pendintyf yn de haadkoepel fan de Hagia Sofia (Istanbûl)
-
De koperen slang (plafond Sikstynske Kapel)
-
Pendintyf General Grant National Memorial yn New York
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pendentyf fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|