Synoptyske evangeeljes
De term synoptyske evangeeljes is in oantsjutting foar trije fan 'e fjouwer nijtestamintyske evangeeljes, te witten de evangeeljes fan Mattéus, Markus en Lukas. Dy omfetsje nammentlik, yn tsjinstelling ta it fjirde kanonike evangeelje, dat fan Jehannes, foar in grut part deselde ferhalen, faak yn deselde folchoarder en ek noch yn grutdiels deselde bewurdings. Sa'n hege graad fan lykstrekigens kin inkeld ferklearre wurde troch in literêre ynterôfhinklikens. De term "synoptysk" is fan oarsprong in Gryksk wurd, dat "mei-inoar" (syn) "besjoen" (optysk) betsjut.
Underlinge ferhâlding
bewurkje seksjeNeffens bibelwittenskippers wie it Evangeelje fan Markus it earste dat skreaun waard. Foar de evangeeljes fan Mattéus en Lukas waard Markus dêrnei as boarne brûkt, wêrby't wurd foar wurd hiele stikken oernommen waarden (wat wy hjoed de dei plagiaat neame soene). It mienskiplike part fan 'e trije synoptyske evangeeljes, de saneamde Trijefâldige Tradysje, bedraacht 76% fan Markus, 45% fan Mattéus en 41% fan Lukas. Dêrby is net meirekkene wat Markus en Mattéus tegearre gemien hawwe (18% fan Markus en 10% fan Mattéus), of wat Markus en Lukas tegearre gemien hawwe (3% fan Markus en 1% fan Lukas). Net mear as 3% fan Markus bestiet út unyk materiaal.
Behalven Markus moat der lykwols nòch in boarne west hawwe foar Mattéus en Lukas, in ferlern gien evangeelje dat men Q neamd (nei it Dútske Quelle, dat "boarne" betsjut). It gebrûk dêrfan soe de saneamde Twafâldige Tradysje ferklearje, it mienskiplike part fan Mattéus en Lukas, dat foar Mattéus 25% en foar Lukas 23% bedraacht. Fierders befetsje Mattéus en Lukas beiden ek unyk materiaal (fan Lukas is 35% en fan Mattéus 20%) en de boarnen dêrfoar wurde L en M neamd. De oerienkomsten tusken de trije synoptyske evangeeljes binne nammenste opfallender, mei't it Evangeelje fan Jehannes en de apokrife evangeeljes der gâns fan ôfwike.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side. |