Tomas fan Akwino of Tomas Akwinas (kastiel Roccasecca by Napels, 1225Fossanova, 7 maart 1274) wie in wichtige Italjaanske filosoof en teolooch út de Midsiuwen. Syn wichtichste bydrage foar de westlike wrâld hat west it meitsjen fan in synteze tusken de ideeën fan de Gryske filosoof Aristoteles en de Tsjerkelear.

Tomas fan Akwino; alterstik fan Carlo Crivelli (detail)

Tomas fan Akwino waard berne yn 1225 op it kastiel Roccasecca by Napels. Hy wie in telch út in foarneam laach, dy't woene dat Tomas op jonge leeftyd yntree dwaan soe by de benediktinen, in kleasteroarder. Tomas kaam lykwols yn 1244 by in oare kleasteroarder, de dominikanen. Syn hiele famylje wie hjir sa lulk oer, dat syn bruorren him ûntfierden en op it kastiel finzen setten.

Yn 1246 waard hy nei Parys ta stjoerd dêr't hy learling waard fan de Dútske filosoof Albertus Magnus, dy't hy letter nei Keulen folgje soe. Yn 1252 begûn Tomas sels mei lesjaan. Hy die dit yn it kleaster Sint Jacques yn Parys. Yn deselde tiid skreau hy ek in stik of wat wichtige kommentaren op in oantal boeken út de bibel. Op befel fan Paus Alexander IV krige hy yn 1257, tagelyk mei de teolooch Bonaventura, de graad fan magister.

Neidat Tomas út Parys fuort gong bleau hy fan 1259 oant 1265 by it pauslik hôf yn Anagny, in lytse Italjaanske mienskip. Yn 1265 gong hy wer nei it kleaster by de Santa Sabina yn Rome, en ferfolge syn reis yn 1267 nei Fiterbo. Yn dizze Italjaanske stêd, dat de residinsje wie fan in protte pausen, bleau Tomas oan it pauslik hôf. Tusken 1269 oant 1272 wie er opnij yn Parys. Ut dat tiidrek stamje syn diskusjes mei oare gelearden en filosofen oer it aristotelisme en it oarderwêzen yn de kleasters. Fan 1272 oant 1273 wie Tomas wer yn Itaalje. Diskear joech hy les op de universiteit fan Napels. Begjin 1274 gong er fuort út Napels op reis nei it Konsily fan Lyon, mar ûnderweis stoar hy flakby de abdij fan de Fossanova, in stedsje tusken Napels en Rome.

Yn 1277 feroardielde de biskop fan Parys inkele fan Akwino syn stellingen. Dizze feroardieling waard lykwols letter troch paus Paus Johannes XXII werroppen. Yn 1323 waard Tomas hillich ferklearre. Yn 1567 beneamde paus Pius V, him ta tsjerkelearaar. Sûnt 1970 is 28 jannewaris de tsjerklike feestdei fan Tomas fan Akwino.

De skolastyk fan Tomas

bewurkje seksje
 
Super libros de generatione et corruptione

Nei de tjustere midsiuwen wienen yn de 13e iuw de gelearden op syk nei in oar systeem dêr't sy de fraachstikken fan harren tiid mei beantwurdzje koenen. It gie om in logyske wize fan tinken dy't foaral yn it ûnderwiis ta ûntwikkeling kaam, de saneamde skolastyk.

Tomas kaam troch syn stúdzje yn oanrekking mei it wurk fan de Gryske wiisgear Aristoteles, dy't krekt dêrfoar fia de Islam opnij yn it westen ûntdekt waard. Dizze filosoof rôp mei syn wurk fragen op dêr't troch de tsjerke fan doe gjin antwurd op jûn wurde koe. It gefaar bestie dat de ideeën fan dizze filosoof in bedriging wurde soenen foar de tsjerke. It knappe fan Tomas wie wol dat hy in konstruksje betocht, dêr't de ideeën fan Aristoteles en de tsjerkelear byinoar kamen.

It wurk fan Tomas kenmerkt him troch syn foarstelling fan de oardering fan de dingen. Tomas betocht in rasjoneel systeem dêr't alles yn past en wêrby't hy logysk en deduktyf te wurk gie. Syn wurk jout ûnder mear in byld fan de midsiuwske kosmology, mei har bekende eleminten: de sân sfearen en sân planeten, twa of trije himels (wêrmei it oantal himelsfearen op njoggen of tsien komt), de fjouwer eleminten (ierde, wetter, loft en fjoer), de sirkelfoarmige beweging fan de himellichems (dy't wize op har folsleinens), de tsjinstridige beweging fan de dingen op de (ûnfoltôge) ierde (ierde en wetter fan boppe nei ûnderen, fjoer en loft fan ûnderen nei boppe).

Mar boppe-al wie Tomas in teolooch mei in skerp gefoel foar it mystearje. Hieltyd giet it yn syn wurken om God: alle oare dingen binne relevant foar safier't sy op God betrekking hawwe. Dêrby is hy tige krekt yn de taal dy't wy foar God brûke: wat kin in minsk befetsje en wêr hâldt syn kennis op. In dúdlik foarbyld hjirfan is syn opfetting oer de ferhâlding tusken wêzen en tinken yn God. Neffens Tomas falle beide yn God gear, omdat God folslein inkelfâldich is, mar dochs giet it wêzen wol foarôf oan it tinken, omdat it wêzen fan God ûneinich is en alle mooglike folsleinheden omfiemet.

By Tomas stiet de Skrift hieltyd sintraal, en op allerhanne fragen dy't de tekst fan de Bibel by him oproppe wurdt troch him serieus yngien. Dêrom lit syn grutste wurk, Summa Theologiae, har lêze as bibelske teology.

Thomas van Akwino skreau ûnder mear:

  • bibelkommentaren
  • taljochtingen op de dogmatyk fan Petrus Lombardus (it saneamde Sententiën-kommentaar)
  • taljochtingen op in protte skriften fan Aristoteles
  • Tsjin de heidenen (Summa contra gentiles)
  • Summa theologiae, in synteze, ûnfoltôge bleaun: Thomas stoppe it wurk hjiroan yn 1273
  • preken
  • quaestiones, ûnder oaren de Quaestiones de veritate en Quaestiones de quodlibet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje