Mei skolastyk wurdt meastal de midsiuwske filosofy bedoeld (dat in sterk metafisysk karakter hat) en spesifyk de ûnderwiismetoade dy't yn de 11e iuw ta ûntwikkeling kaam yn de stedske skoallen en fierder útboud waard yn de 12e en 13e iuw oan de universiteit. It giet oer in logyske wize fan tinken yn tsjinstellings, in foarm fan dialektyk.

Oarsprong bewurkje seksje

De oarsprong fan de skolastyk leit yn de Karolingyske Renêssânse. Oan it hof fan keizer Karel de Grutte begûn ûnder lieding fan Ealwyn de kultuer en de filosofy wer op te bloeien. De filosofy waard dêrby sjoen as in ancilla theologiae, in faam fan de teology. Stadichoan ûntwikkele har yn de kleasters, domskoallen en oan de hoven wêr witenskip. Globaal sjoen bestie de skoalastyk út trije tiidrekken.

De iere skolastyk yn de 11e en de 12e iuw, mei de twa wichtichste fertsjintwurdigers Anselmus fan Kanterbury en Petrus Abaelardus. Yn de 13e en 14e iuw de heechskolastyk mei Albertus Magnus en Tomas fan Akwino as wichtige fertsjintwurdigers. En fe lette skolastyk yn de 14e en 15e iuw. Dêrfan wienen de twa wichtichste fertsjintwurdigers Jehannes Duns Skotus en Willem fan Ockham.

 
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.