Rotonda (Tessaloniki)
De Rotonda (Gryksk: Ροτόντα Rotónda) fan Galerius yn 'e Grykske stêd Tessaloniki, ek bekend as de Sint-Joaristsjerke (Άγιος Γεώργιος), is in gebou út de Romeinske tiid. De Rotonda waard tagelyk mei de Bôge fan Galerius en it eardere Galeriuspaleis boud. It gebou stiet noardlik fan 'e Egnatiastrjitte yn it easten fan 'e âlde binnenstêd en waard yn 'e Turkske tiid as moskee brûkt. As ûnderdiel fan 'e Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki is de Rotonda wrâlderfgoed fan UNESCO.
Sint-Joaristsjerke Άγιος Γεώργιος | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | Pl. Agiou Georgiou Rotonta | |
koördinaten | 40° 37' N 22° 57' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Sint-Joaris | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 306 | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
Kaart | ||
It gebou waard yn 306 n.Kr. as hillichdom fan 'e Kabiren of fan Zeus of as mausoleum foar de tetrarch Galerius boud. Oarspronklik wiene de muorren fan binnen mei moarmer beklaaid. Fan binnen is de flakke koepel 24,5 m breed en op in hichte fan 29,80 m is in okulus ynbrocht. De bou wie foar dy tiid in hiele prestaasje: it wie doe de grutste bakstiennen koepel fan 'e wrâld. De dikte fan e troch seis finsters trochbrutsen muorren bedrage 6,30 meter.
Gebrûk
bewurkje seksjeAl gau nei de bou waard de Rotonda yn 'e 4 iuw ûnder keizer Konstantyn I of Teodosius I as in tsjerke wijd, dy't foar in skoft as de metropolitaantsjerke tsjinne. De tsjerke waard nei de wijing as tsjerke mei mozaïken fersierd. Yn 1590 waard de Rotonda yn in moskee feroare, de Hortaç Efendi Camii. Der waard in minaret tafoege en ikoanen en oare tsjerklike kostberheden ferhûzen nei de west fan 'e Rotonda lizzende Joariskapel. Mei't der yn 1912 in ein kaam oan 'e Turkske besetting waard de Rotonda wer in tsjerke feroare en sûnt 1917 waard it gebou it Masedoanysk Museum. De minaret bleau as iennige minaret fan 'e stêd bewarre.
Yn 1978 rekke de tsjerke by in ierdskodding skansearre, mar in restauraasje folge. Yn 1999 folge de weriepening fan 'e Rotonda as museum, alhoewol't de Gryksk-Otterdokse Tsjerke noch oanspraken op it gebou makket. Yn 'e eastlike apsis stiet hjoed-de-dei wer in alter.
Mozaïken
bewurkje seksjeDe mozaïken fan 'e Rotonda binne ferneamd en de âldste muorremozaïken fan it kristlike easten. Yn 'e koepel steane op in gouden eftergrûn martlers foar sittende pauwen yn in arsjitektoriaal kader. Fragmintarysk binne in sône heger noch apostels en ingels bewarre. De triomfearjende Kristus yn it hichste punt fan 'e koepel is net mear oanwêzich. Twa fan 'e acht nissen ha noch mozaïken mei geometryske motiven en foarstellings fan fûgels en fisken.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Fresko's koepel.
-
Fragmint ingel (koepel).
-
Geometryske motiven.
-
Fûgel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Saint Panteleimon (Thessaloniki)
|