Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

De yn 315 stifte stêd Tessaloniki yn Grikelân groeide yn 'e tiid fan it Byzantynske Ryk út ta de op ien nei wichtichste stêd fan it Ryk. It wie ek ien fan 'e earste gebieten fan wêrút it kristendom him yn Europa fersprate. De gebouwen dy't yn Tessaloniki boud waarden hiene grutte ynfloed op 'e boukeunst yn it Byzantynske Ryk en Servje. Fan dy gebouwen binne noch in soad bewarre bleaun, wêrûnder fral tsjerken. Guon dêrfan binne boud neffens it Grykske krúsplan, oaren hawwe de foarm fan in trijeskippige basilyk.

Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Grikelân Grikelân
UNESCO folchnûmer 456
kritearia Kultureel (i), (ii), (iv)
ynskriuwing 1988 (sessy 12)
gebiet 5.327 ha
Webside
whc.unesco.org
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De gebouwen fertsjintwurdigje in lang tiidrek fan 'e 4e iuw oant de 15e iuw. Yn 'e 15e iuw kaam der troch de Turkske feroveringen in ein oan it Byzantynske Ryk. De kristlike monuminten waarden fakentiden yn moskeeën feroare, wêrby't de fresko's en mozaïken yn 'e tsjerken efter lagen kalk ferdwûnen. Mei't der yn 1912 in ein oan it Turkske bewâld kaam, binne in soad tsjerken oan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. By restauraasjes binne de fresko's foar safier dat mooglik wie wer foar it ljocht helle.

Sûnt 1988 binne de ierkristlike en Byzantynske monuminten fan 'e stêd opnommen yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.

List fan ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

bewurkje seksje
Nûmer Ofbyld Namme Boutiid Oerflak
yn ha
456-001   Stedsmuorre 4e/5e iuw
456-002   Rotonda of Sint-Joaristsjerke 4e iuw 0,587
456-003   Panagia Acheiropoietostsjerke 5e iuw 0,375
456-004   Hagios Demetrios 7e iuw 1,16
456-005   Latomos-kleaster 6e iuw 0,058
456-006   Hagia Sophia 8e iuw 0,820
456-007   Panagia Chalkeontsjerke 11e iuw 0,249
456-008   Sint-Pandeleimontsjerke 14e iuw 0,174
456-009   Aposteltsjerke 14e iuw 0,160
456-010   Hagios Nikolaos Orfanos-tsjerke 14e iuw 0,227
456-011   Sint-Katarinatsjerke 13e iuw 0,083
456-012   Transfiguraasjekapel 14e iuw 0,027
456-013   Vlatades-kleaster 14e iuw 1,16
456-014   Elíatsjerke 14e iuw 0,198
456-015   Byzantynsk badhûs 14e iuw 0,049