Hagios Nikolaos Orfanos-tsjerke

De Hagios Nikolaos Orfanostsjerke (Gryksk: Άγιος Νικόλαος Ορφανός, Agios Nikolaos Orfanos) is in Byzantynske tsjerke yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. Yn 'e tsjerke binne weardefolle muorreskilderingen út it begjin fan 'e 14e iuw bewarre bleaun. De tsjerke foarmet ien fan 'e Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki, dy't meiïnoar ynskreaun binne as wrâlderfgoed op 'e UNESCO-list.

Hagios Nikolaos Orfanostsjerke
Άγιος Νικόλαος Ορφανός
Lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
adres Irodotoustrjitte
koördinaten 40° 38' N 22° 57' E
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Hagios Nikolaos Orfanos-tsjerke (Tessaloniki)
Hagios Nikolaos Orfanos-tsjerke
 
Eastlike kant.

De lytse tsjerke stiet yn 'e boppestêd fan Tessaloniki en wie oarspronklik in katolikon; de haadtsjerke fan in kleaster. Fan it eardere kleaster binne net mear as twa pylders by de tagong oerbleaun.

De katolikon waard yn 'e jierren 1310-1320 boud yn opdracht fan 'e Servyske kening Stefan Uroš II Milutin. Dy wie mei in Byzantynske prinsesse troud en hat neffens Servyske boarnen yn Tessaloniki eartiids tsjerken en kleasters stifte. Alhoewol't der meardere teoryen bekend binne oer de oarsprong fan 'e tsjerke, binne hjoed-de-dei de measte saakkundigen it wol iets oer de stifting troch Milutin.

Yn 'e Osmaanske tiid hearde de tsjerke by it Vlatades-kleaster. Yn oarkondes fan 1635 en 1638 fan dat kleaster waard de namme Hagios Nikolaos Orfanos neamd. Yn in kodeks fan 1745 wie de namme Hagios Nikolaos ton Orfanon. De namme ferwiist nei alle gedachten nei Nikolaas fan Myra, dy't ek wol as helper fan wezen beskôge wurdt.

 
Fresko's.

De tsjerke wie oarspronklik mooglik in trijeskippige basilyk. Hjoed-de-dei bestiet noch mar ien skip, dy't fan in trijesidige omgong omsletten wurdt. It westlike diel fan 'e omgong tsjinnet as narteks. Ierkristlike kapitelen binne werbrûkt om 'e alterromte ôf te skieden.

Der binne net in soad tsjerken fan Tessaloniki dêr't de fresko's sa goed bewarre binne as yn 'e Hagios Nikolaos Orfanostsjerke. Se datearje út de ier 14e-iuwske boutiid. It is net bekend wa't de fresko's skildere hat, mar der binne oerienkomsten mei oare tsjerken en kleasters dy't ek troch kening Milutin stifte binne, lykas it kleaster Hilandar op 'e berch Atos.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hagios Nikolaos Orfanos


  Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki  

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
  ·   ·