Autonome Monastike Republyk fan 'e Hillige Berch Atos
Αυτόνομη Μοναστική Πολιτεία Άγιον Όρος
emblemen
polityk
lân flagge fan Grikelân Grikelân
haadplak Karyes
sifers
oerflak 335.63 km²
befolkingstichtens heechste punt
offisjele webside
athos.guide
Kaart
Atos (Grikelân)
Atos
Berch Atos
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Grikelân Grikelân
UNESCO regio Europa en Noard-Amerika
UNESCO folchnûmer 454
kritearia i, ii, iv, v, vi, vii
ynskriuwing 7988 (12e sessy)
gebiet 33.042,3 ha
Webside
www.unesco.nl
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Hillige Berch Atos (Aldgryksk: Ἄθως Áthōs, Nijgryksk: Άθως Áthos; sûnt de Byzantynske tiid meastentiids: Άγιον Όρος, Ágion Óros, "Hillige Berch") is in berch, skiereilân en otterdokse muontserepublyk yn Grikelân, mei in autonome status ûnder de Grykske soevereiniteit.

It skiereilân is fanwegen de lange monastike tradysje bekend, dy't wêrom giet op 800 jier nei Kristus en it Byzantynske tiidrek. Tsjintwurdich wenje ôfsûndere fan 'e rest fan 'e wrâld op Atos mear as 2.000 muontsen. Hja komme út Grikelân en oare eastersk-otterdokse lannen. De kleasters besitte in grut tal seldsume boeken, kostbere ikoanen en net te beteljen keunstwurken fan grutte skiedkundige wearde. Sûnt 1988 stiet Atos op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Alhoewol't Atos lykas de rest fan Grikelân diel útmakket fan 'e Jeropeeske Uny, waard de status fan 'e monastike steat fan 'e Hillige Berch en de jurisdiksje fan de ynstellings op Atos ôfsûnderlik beskreaun en ratifisearre nei it talitten fan Grikelân ta de Jeropeeske Mienskip (de foarrinner fan de Jeropeeske Uny). De frije tagong fan persoanen en guod op it grûngebiet fan Atos is net tastien, útsein as de autoriteiten fan 'e Monastike Steat dêr tastimming foar jûn hat. It is allinnich manlju tastien om in besite te bringen oan it eilân.

It skiereilân, dat de eastlike foet fan it gruttere Kalkidike-skiereilân yn sintraal Masedoanje foarmet, stekt 50 kilometer yn 'e Egeyske See en is 7 oant 12 kilometer breed. It 335,6 km² gebiet hat steile, tichte beboske hellings oant maksimaal 2.033 meter heech.

De see om it eilân hinne kin gefaarlik wêze. Yn 'e skiednis fan it âlde Grikelân binne twa grutte skipsrampen bekend: yn 492 foar Kristus ferlear Darius, kening fan Perzje, 300 skippen ûnder generaal Mardonius en yn 411 foar Kristus fergyng in Spartaanske float fan 50 skippen ûnder admiraal Epicleas.

Alhoewol't Atos ferbûn is mei it fêste lân, is it allinne mei in fearboat te berikken. Ofhinklik fan it waar binne der ferskillende tsjinsten dy't alle dagen tusken Ouranoupolis en Dafni, de haven fan Atos, farre.

It tal minsken dat in besite bringe kin oan 'e Berch Atos is beheind. Der moat in spesjale permisje oanfrege wurde en dy permisje jild foar in beheinde tiid. Allinne manlju krije tastimming foar in besite op it skiereilân, dat troch de muontsen de "Tún fan 'e Jongfaam Marije" neamd wurdt. Otterdokse kristenen hawwe by de oanfraach foar in besite foarrang. Bewenners fan it eilân moatte manlju fan teminsten 18 jier en lid fan 'e Eastersk-Otterdokse Tsjerke wêze; hja hawwe harren wurk op it skiereilân of hja binne muonts.

 
Kaart mei de keasters op it eilân.

Der binne op Atos twintich kleasters. Neffens âlderdom binne dat:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Berch Atos fan Wikimedia Commons.