Koutloumousiou-kleaster
It Koutloumousiou-kleaster (Gryksk: Μονή Κουτλουμουσίου) of Koutloumousy (Κουτλουμούσι) is in eastersk-otterdoks kleaster yn 'e monastike steat fan 'e hillige berch Atos yn Grikelân. It kleaster stiet op it sechde plak yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters.
Koutloumousiou-kleaster Μονή Κουτλουμουσίου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 15' N 24° 14' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 12e iuw | |
wijd oan | Transfiguraasje fan 'e Hear | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn in dokumint út 1169 wurdt in kleaster mei de namme Koutloumousi neamd en der wurdt fan út gien dat dat itselde kleaster wie as it hjoeddeiske Koutloumousiou-kleaster. Stifter fan it kleaster wie in sekere Koutloumous, in ta it kristendom bekeard lid fan 'e Seltsjûken-dynasty. Neffens in oare ferzje stamde de stifter út in kleaster fan Palestina, dy't yn 'e 11e iuw foar de islaam nei Atos flechtsje moast.
Yn 'e skiednis is it kleaster ferskate kearen slachtoffer woarn fan brân. Dat barde yn 1497, 1767, 1857, 1870 en foar it lêst yn 1980.
De fresko's yn 'e 16e iuwske katolikon fan it kleaster binne orizjineel, mar oerskildere. De klokketoer stamt út de 19e iuw, lykas ek it gebouke oer de hillige boarne.
De kleasterbibleteek bestiet út 662 manuskripten en ûngefear 3500 printe boeken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Koutloumousiou Monastery
|