Filoteou-kleaster
It Filoteou-kleaster (Gryksk: Μονή Φιλοθέου) is in eastersk-otterdoks kleaster yn 'e kleastersteat Atos, Grikelân. It op it noardeastlike diel fan it skiereilân lizzende kleaster stiet sûnt 1574 op it tolfte plak yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters.
Filoteou-kleaster Μονή Φιλοθέου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 13' N 24° 17' E | |
patroanhillige | Ferkundiging | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt oan 'e Ferkundiging wijde kleaster waard tsjin 'e ein fan 'e 10e iuw stifte en ferneamd nei de stifter, de muonts Filotéus.
In bekende muonts fan it kleaster wie de letter hillich ferklearre Kosmas fan Aetolië, dy't op 24 augustus 1779 sûnder oanklacht troch de Turken yn Kolkondas, Albaanje, fermoarde waard.
Mei stipe fan 'e Georgyske foarsten Leon fan Kagetië en syn soan Aleksander II fan Kagetië waard it kleaster yn 'e jierren 1539-1540 renovearre. Fresko's fan 'e beide foarsten binne te sjen yn it refektoarium.
De bou fan in nije katolikon op 'e fûneminten fan 'e âlde brocht it kleaster yn finansjele soargen, sadat it bestjoer yn 1900 troch oare Atos-kleasters oernommen wurde moast. Doe't yn 1871 in brân útbriek bleau de nije katolikon sparre.
It kleaster is grutsk op 'e reliken, dy't yn it 16e-iuwske refektoarium bewarre wurde. Dêrfan binne in fragmint fan it Wiere Krús en de rjochter hân fan Jehannes Krysostomos it neamen wurdich. Yn it kleaster wurde twa ikoanen bewarre dy't wûnderdiedich wêze soene: it Panagia Glykophilous-ikoan en it Panagia Gerontissa-ikoan.
De bibleteek fan it kleaster bestiet út 250 manuskripten, twa liturgyske rollen en likernôch 2500 printe boeken (guon dêrfan Russysk en Roemeensk).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Philotheou monastery
|