Kleaster Megisti Lavra

It Kleaster Megisti Lavra (Gryksk: Μονή Μεγίστης Λαύρας, oersetting: 'Grutste kleaster') is ien fan 'e twintich kleasters op 'e berch Atos, Grikelân. It waard yn 963 as earste kleaster troch de muonts Athanasios op 'e hillige berch stifte. Mei de bou fan 'e katolikon waard yn 'e jierren 962/963 útein set. De plattegrûn fan 'e tsjerke stie model foar in grut tal tsjerken yn Noard-Grikelân en Súdeast-Jeropa. De brûnzen doarren fan 'e katolikon binne yn 1002 yn Konstantinopel getten.

Kleaster Megisti Lavra
Μονή Μεγίστης Λαύρας
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 10' N 24° 22' E
Kleastergegevens
oprjochting 973
oprjochter Atanasios Atonitis
wijd oan Ferkundiging fan de Hear
Webside
inathos.gr
Kaart
Kleaster Megisti Lavra (Atos)
Kleaster Megisti Lavra

Atanasios, de stifter fan it kleaster, begûn mei de bou fan it kleaster yn 973. Dat wie op fersyk fan 'e Byzantynske keizer Nikeforos II Phokas, dy't ek it jild foar de bou beskikber stelde. Nikeforos hie Atanasios ûnthjitten dat er ek gau in muonts fan it Grut Lavra wurde soe, mar troch omstannichheden en syn dea kaam it dêr net mear fan. De keizerlike stipe, dy't troch Jehannes I Tzimiskes nochris ferdûbele waard, droech by oan 'e ûntwikkeling fan it kleaster en keizers joegen it Grut Lavra lân en grûn, lykas it eilân Agios Efstratios en it Andréaskleaster yn Tessaloniki.

Neffen in 11e iuwske biografy fan Atanasios waard nei de bou fan in beskermingsmuorre fierder wurke oan 'e tsjerke en de sellen foar de muontsen. Nei de dea fan 'e stifter bleau it kleaster yn 'e geunst fan 'e keizers en yn 'e 11e iuw wiene der al 700 muontsen, wylst lytsere kleasters oan it Grut Lavra waarden tawiisd.

 
Katolikon.

Lykas oare kleasters hie ek it Grut Lavra yn 'e 14e iuw slim te lijen fan Katalaanske piraten. It resultaat fan it ûnheil wie dat de muontsen tsjin it sin fan 'e Tsjerke en de keizers foar in mear isolearre foarm fan monastyk libben keazen. Yn 1574 holp de partiarch fan Aleksandrje it kleaster en de senobityske libbensfoarm wer op 'e gong, mar al gau kearden de muontsen werom nei de tradysje fan hearremyt. Patriarch Dionysios III, dy't ek in muonts waard, joech syn hiele fermogen op om wer de senobityske foarm yn te fieren, mar ek syn krewearjen bleau sûnder resultaat. Oant yn 'e 20e iuw bleau it Grut Lavra in kleaster fan hearremiten. Pas yn 1980 waard it kleaster wer in senobityske mienskip.

De stifter fan 'e tsjerke ferstoar tegearre mei seis oare wurkers doe't by de bou fan 'e katolikon de koepel ynstoarte. De bou fan 'e tsjerke foarme it foarbyld foar in soad oare kleasters. De fresko's yn 'e tsjerke binne yn 1535 troch de grutte skilder Teofanis oanbrocht. De narteks waard lykwols earst yn 1854 beskildere.

Noardlik fan 'e narteks is de Kapel fan 'e fjirtich Martlers fan Sebaste. Dêr leit ek it grêf fan 'e stifter fan it kleaster. Súdlik fan dy kapel stiet de Nikolaaskapel, dy't yn 1560 beskildere waard troch Franco Cantellano. It refektoarium foar de yngong oer hat de foarm fan in krús en is it grutste op 'e berch Atos. It ynterieur is hielendal fersierd mei fresko's, beskildere troch Teofanis of syn skoalle.

Keunstwurken

bewurkje seksje

De kleasterbibleteek stiet efter de katolikon en besit 2.116 Grykske manuskripten en 165 kodeksen. Dêrûnder binne unike manuskripten fan it Nije Testamint. Ek binne der mear as 20.000 printe boeken en likernôch 100 manuskripten yn oare talen. It kleaster hat ien fan 'e grutste samlings fan Grykske manuskripten yn 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Great Lavra


  Kleasters fan Atos  

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
  ·   ·