Pantokratoros-kleaster

It Pantokratoros-kleaster (Gryksk: Μονή Παντοκράτορος) is in eastersk-otterdoks kleaster yn 'e autonome monastike steat fan 'e berch Atos. It kleaster stiet op 'e noardeastlike kant fan it skiereilân.

Pantokratoros-kleaster
Μονή Παντοκράτορος
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 17' N 24° 15' E
Kleastergegevens
oprjochting 1363
oprjochter Muontsen Aleksios en Jehannes
wijd oan Transfiguraasje fan de Hear
Webside
inathos.gr
Kaart
Pantokratoros-kleaster (Atos)
Pantokratoros-kleaster

It kleaster waard yn 1363 stifte troch de megas stratopedarchēs Aleksios en de megas primikērios Jehannes en stiet op it sânde plak yn 'e hiërargy fan 'e sechtjin kleasters op Atos.

De katolikon fan it kleaster is tagelyk mei it kleaster boud en wijd oan 'e Transfiguraasje fan de Hear. Yn 'e katedraal binne fresko's dy't werom geane op it tredde fearn fan 'e 14e iuw, mar dy't yn 1854 op 'e nij skildere binne. De klokketoer is 19e-iuwsk.[1]

It kleaster bewarret in grut tal reliken fan hilligen, in stikje fan it Wiere Krús, in part fan it skyld fan Sint-Merkurius en ikoanen út de 14e iuw. Yn 'e bibleteek fan it kleaster wurde likernôch 350 manuskripen en 3.500 boeken bewarre.

Kaart fan Atos mei de lokaasje fan it kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pantokratoros Monastery



Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje