Tsjerke fan Grikelân

De Tsjerke fan Grikelân (Gryksk: Ἐκκλησία τῆς Ἑλλάδος, Ekklisia tis Ellados), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't ûnderdiel útmakket fan wat wol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke neamd wurdt, mar wat eins in groep ûnderskate tsjerken op Gryksk-otterdokse basis is. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Atene.

Tsjerke fan Grikelân
De Sint-Andréaskatedraal yn Patras.
De Sint-Andréaskatedraal yn Patras.
algemiene ynformaasje
off. namme Tsjerke fan Grikelân
stifting ±50
ûnôfhinklik 1833
erkenning 1850 (Oek. Pat. f. Konstantinopel)
titel primaat aartsbiskop fan Atene
sit primaat Atene (Grikelân)
fierdere bysûnderheden
streaming eastersk-otterdoksy
tsjerketaal Hellenistysk Gryksk
ledetal 5.500.000 (Tsjerke fan Grikelân)
8.500.000 (ynkl. "Nije Lannen")
webside www.ecclesia.gr

De eastersk-otterdokse tsjerke yn Grikelân giet werom op 'e sindingsreizen dy't de apostel Paulus tusken 41 en 65 makke. Nei it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't it ta in definitive brek kaam tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse tsjerken, foel Grikelân iuwenlang ûnder it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, ek nei't dat ûnder Turksk tafersjoch kaam te stean nei't de Osmaanske Turken yn 1453 Konstantinopel ynnommen hiene. Doe't Grikelân yn 1830, nei njoggen jier fan ûnmeilydsum oarlogjen tsjin 'e Turken, op 't langelêst syn ûnôfhinklikens wûn, die bliken dat it foar de nije steat problematysk wie as de tsjerkehiërargy rekkenskip ôflizze moast oan in patriarch yn it fiere Konstantinopel dy't noch altiten ûnder Osmaanske fâdij stie. Dêrfandinne dat it Grykske regear yn 1833 de tsjerke binnen de (doetiidske) Grykske lânsgrinzen autosefaal ferklearre, en dêrmei de Tsjerke fan Grikelân as apart tsjerkegenoatskip stifte. Pas yn 1850 lei it Patriargaat fan Konstantinopel him by dy útmakke saak del.

 
Religieuze gerjochtichheden yn Grikelân: it gebiet dat ta de Tsjerke fan Grikelân heart is blau; dat fan it Patriargaat fan Konstantinopel pears; de Tsjerke fan Kreta fealblau; en de Monastyske Mienskip fan 'e Hillige Berch read.

Mar de Tsjerke fan Grikelân hie inkeld sizzenskip binnen de grinzen fan 'e Grykske steat — de grinzen fan 1833. Neitiid wreide dy sizzenskip him út mei dy grinzen, mar dêr lei it Osmaanske regear nei de lêste útwreiding, fan 1881, it near op. Sadwaande falle de lettere gebietsútwreidings fan 'e Grykske steat offisjeel net ûnder de Tsjerke fan Grikelân.

Kreta, dat yn 1898 binnen it Osmaanske Ryk selsbestjoer krigen hie, waard yn 1908 nei in opstân troch Grikelân anneksearre (yn 1912 formalisearre ûnder it Ferdrach fan Boekarest); tsjin dy tiid hie it lykwols al in eigen tsjerke (de Tsjerke fan Kreta), dy't ûnder de patriarch fan Konstantinopel falt.

Gryksk-Masedoanje, Epierus en de eilannen yn it noarden fan 'e Egeyske See kamen yn 1912, nei de Earste Balkanoarloch, by Grikelân, en West-Traasje yn 1913, nei de Twadde Balkanoarloch. Dizze saneamde "Nije Lannen" falle offisjeel noch altiten streekrjocht ûnder it Patriargaat fan Konstantinopel. Ut praktyske omtinkens wurde se lykwols ûnder in oerienkomst mei Konstantinopel de facto bestjoerd troch de Tsjerke fan Grikelân, útsein de autosefale Monastyske Mienskip fan 'e Hillige Berch (op it skiereilân Athos) en it Patriargale Eksargaat Patmos (op it eilantsje Patmos), dat om histoaryske redens lytse selsstannige tsjerkjes binne dy't ûnderhearrich binne oan 'e patriarch fan Konstantinopel.

De Dodekanesos (de eilannegroep mei Rodos as wichtichste eilân), dy't pas yn 1947 oerdroegen waard oan Grikelân, falt ek noch altyd streekrjocht ûnder it Patriargaat fan Konstantinopel, en yn dit gefal wurdt it gesach der ek echt troch Konstantinopel útoefene.

Hjoed de dei

bewurkje seksje

De Tsjerke fan Grikelân is hjoed de dei noch altiten in steatstsjerke; de salarissen en pinsjoenen fan 'e geastliken wurde betelle troch de steat en binne kwa hichte ferlykber mei dy fan leararen. Religieuze houliken en dopen útfierd troch de Tsjerke steane foar de Grykske wet gelyk mei it boargerlik houlik en ynskriuwings yn it boargerlik berteregister. It wurdt as net mear as normaal beskôge dat it Grykske regear him bemuoit mei de biskopsbeneamings binnen de Tsjerke fan Grikelân (en trouwens likegoed binnen de Tsjerke fan Kreta).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, References en Further reading, op dizze side.