Eastersk-otterdoksy

(Trochferwiisd fan Eastersk-otterdoks)

De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.

De Pokrov- of Basiliuskatedraal fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, yn Moskou.

De eastersk-otterdoksy, dy't ta it eastersk kristendom heart, wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar teologysk feriene yn 'e saneamde Eastersk-Otterdokse Kommuny. De selsbestjoerende (autosefale) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke en de Servysk-Otterdokse Tsjerke), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan 'patriarch' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.

De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de apostels fan Jezus Kristus. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de dogma's dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske konsyljes. De eastersk-otterdokse tsjerken moatte net betize wurde mei de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dy't har al op it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fan 'e memmetsjerke ôfspjalten.

As tsjerke-organisaasje los fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke giet de eastersk-otterdoksy werom op it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de paus fan Rome, Leo IX, de patriarch fan Konstantinopel, Michael Caerularius, ekskommunisearre en de patriarch de op syn beurt de paus yn 'e ban die. De oarsaak foar dy brek moat socht wurde yn 'e kulturele ferskillen en teologyske skelen dy't altyd al tusken it Gryksktalige easten en it Latynsktalige westen bestien hiene, mar dy't sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk, yn 476, almar grutter wurden wiene. Dêrnjonken spilen ek de fersteurde politike ferhâldings tusken east en west derby in rol. De paus, as biskop fan Rome, easke it gesach oer de eastlike patriargaten op, wylst de patriarch fan Konstantinopel fan betinken wie dat hysels, as fertsjintwurdiger fan it "Nije Rome" (Konstantinopel), it measte rjocht hie om as spiritueel lieder fan 'e easterske tsjerke te fungearjen. In oar wichtich punt dat it skisma yn 'e hân wurke, wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it Filioque oan 'e leauwensbelidenis; om't dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen wie, woe de easterske tsjerke him net akseptearje en beskôge dy it Filioque as teologysk ynkorrekt (oftewol kettersk).

De eastersk-otterdokse tsjerken

bewurkje seksje

Dit is in list fan 'e erkende eastersk-otterdokse tsjerken yn folchoarder fan senioriteit, mei de autosefale tsjerken ûnder harren gesach ek op folchoarder fan senioriteit. (De Russysk-Otterdokse Tsjerke en de Tsjerke fan Syprus hâlde elk in oare folchoarder fan senioriteit oan, wêryn't sysels in promininter plak ynnimme.)

De folgjende eastersk-otterdokse tsjerken binne op eigen manneboet oprjochte/ôfspjalte en wurde (noch) net erkend troch de fêstige tsjerken.

Dan binne der noch twa groepen lytsere tsjerkegenoatskippen dy't fanwegen dogmatyske skelen fan 'e fêstige eastersk-otterdokse tsjerken ôfspjalte binne.

De saneamde âldkalindristen binne groepen dy't wegeren om 'e oanpaste Juliaanske Kalinder yn te fieren foar it fêststellen fan 'e hjeldagen. De wichtichste tsjerken út dizze groep binne:

De saneamde âldleauwenden binne groepen dy't yn 'e santjinde iuw wegeren om 'e liturgyske herfoarmings fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke troch te fieren en dy't dêrnei yn Ruslân iuwenlang troch de autoriteiten slim ferfolge binne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje