Oriïntaalsk-otterdoksy
De oriïntaalsk-otterdoksy is it leauwe fan dy easterske kristlike tsjerken, dy't inkeld de earste trije oekumenyske konsyljes erkenne (te witten: it Earste Konsylje fan Niséa, it Earste Konsylje fan Konstantinopel en it Earste Konsylje fan Efeze), mar de kristlike learstikken sa't dy fêstlein waarden troch it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fersmite. Dizze oriïntaalsk-otterdokse tsjerken steane dêrom ek wol bekend as de âldotterdokse tsjerken, of ek wol as de miafysityske tsjerken of de pre-, non- of net-galsedoanyske tsjerken. Troch it westersk kristendom en de eastersk-otterdokse tsjerken wurde se ek wol fan monofysityske tsjerken neamd, al wize se dy namme sels ôf om't se dy ûnsekuer fine.
De oriïntaalsk-otterdoksy moat net betize wurde mei de eastersk-otterdoksy (de tsjerken fan it eastersk kristendom, grutdiels yn East-Jeropa, dy't har by it Grutte Skisma fan 1054 fan it westersk kristendom ôfspjalten), noch mei de saneamde Tsjerke fan it Easten (dy't de lear fan Nestoarius folget). De oriïntaalsk-otterdoksy wurdt opmakke troch in groepke tsjerkegenoatskippen, dy't elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat en hiërargysk selsstannich binne, mar teologysk feriene. Dizze tsjerken ferkeare yn folsleine kommuny mei-inoar. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is der in foarsichtige dialooch op gong kommen mei de eastersk-otterdokse tsjerken.
Fersprieding
bewurkje seksjeDer binne wrâldwiid likernôch 82 miljoen oriïntaalsk-otterdokse leauwenden, dy't benammen konsintrearre binne yn Etioopje, Armeenje, Eritreä en it feitlik ûnôfhinklike republykje Nagorno Karabach, mei wichtige minderheden yn Egypte, Sûdaan, Syrje, Libanon, de Súdyndiaaske dielsteat Kerala, Irak en Iraan.
Untstean
bewurkje seksjeIt brekpunt tusken de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken en de rest fan it kristendom is it dogma, oannommen troch it Konsylje fan Galsedon, dat Jezus Kristus ien persoan wie mei twa folsleine natueren, de iene minsklik, de oare godlik. De oriïntaalsk-otterdokse tsjerken fûnen dat learstik tefolle lykjen op 'e nestoriaanske ketterij (dy't leart dat Jezus twa ûnderskate wêzens wie, ien minsklik en de oare godlik), en wegeren it te akseptearjen. Hja holden fêst oan 'e lear fan it Earste Konsylje fan Efeze (431), dat Jezus it godlike en it minsklike feriene yn ien wêzen (de lear fan it monofysitisme).
De eastersk-otterdokse tsjerken
bewurkje seksjeDit is in list fan 'e oriïntaalsk-otterdokse tsjerken mei de autosefale tsjerken ûnder harren gesach.