Georgysk-Otterdokse Tsjerke
De Georgysk-Otterdokse Tsjerke, of eins de Georgyske Apostoalyske Autosefale Otterdokse Tsjerke (Georgysk: საქართველოს სამოციქულო ავტოკეფალური მართლმადიდებელი ეკლესია, Sakartvelos Samocikulo Avṭoḳepaluri Martlmadidebeli Eḳlesia), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't fanâlds de steatstsjerke fan Georgje wie (oant 1921, doe't troch de Sovjet-autoriteiten in skieding fan tsjerke en steat trochfierd waard). It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Georgje, dy't residearret te Tbilisi.
Georgysk-Otterdokse Tsjerke | ||
It wapen fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Georgyske Apostoalyske Autosefale Otterdokse Tsjerke | |
stifting | 337 | |
ûnôfhinklik | 486 (f.i. Patriargaat. f. Antiochië) 1917 (f.d. Russysk-Otterdokse Tsjerke) | |
erkenning | 486 (Patriargaat. f. Antiochië) 1943 (Russysk-Otterdokse Tsjerke) 1990 (Oek. Pat. f. Konstantinopel) | |
titel primaat | katolikos-patriarch fan hiel Georgje | |
sit primaat | Tbilisi (Georgje) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Georgysk | |
ledetal | 3.500.000 (2012) | |
webside | www.patriarchate.ge |
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de leginde is de Georgysk-Otterdokse Tsjerke stifte troch de apostel Andréas, dy't oan 'e ein fan 'e earste iuw Skysje en de kusten fan 'e Swarte See besocht hawwe soe. Yn wurklikheid fûn dy stifting plak nei't kening Mirian III fan Ibearje him om 334 hinne ûnder druk fan 'e Romeinske keizer Konstantyn de Grutte dope liet en neitiid syn keninkryk kristene (wierskynlik yn 337). Hoewol't der yn Georgje oant hjoed de dei ta heidenske eleminten mei it kristendom fermongen binne, ûntjoech de tsjerke him der al rillegau ta in wiere folksreligy. Yn 't earstoan wie de Georgyske tsjerke alhiel ûnderhearrich oan it Patriargaat fan Antiochië, mar yn 486 of dêromtrint waard de autonomy fan 'e Georgyske tsjerke erkend troch de patriarch fan Antiochië. Yn 'e iuwen dêrnei wreide it kristendom him út oer alle Georgyske keninkriken en foarstedommen. Yn 1010 waard de katolikos fan Kartly ferheft ta de rang fan patriarch.
Yn 1801 setten de Russen de lêste Georgyske kening (David Bagrationi) ôf en anneksearren se de foarstedommen ien foar ien. Yn 1811 skaften se it selsbestjoer fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke ôf en degradearren se de patriarch ta in aartsbiskop fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De Georgysktalige liturgy waard ferbean en ferfongen troch it Tsjerkeslavysk, dat yn Georgje frijwol nimmen ferstie. Iuwenâlde fresko's yn 'e tsjerken waarden wytkalke en religieuze literatuer yn it Georgysk waard slim sinsurearre. Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917, doe't yn Ruslân de kommunisten oan 'e macht kamen, waard yn Georgje de ûnôfhinklikheid útroppen en it selsbestjoer fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke iensidich fannijs ynsteld. Nei't de Earste Republyk Georgje yn 1921 ûnder de foet rûn wie troch it Reade Leger, krige de Georgysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen fan 'e ûnderdrukking troch it ateïstyske kommunistyske rezjym. Pas yn 1943 waard it selsbestjoer fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke einlings en te'n lêsten erkend troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Dêrnei duorre it noch oant 1990 foar't ek it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel der syn goedkarring oan joech.
Hjoed de dei
bewurkje seksjeSûnt de ein fan 'e Kâlde Oarloch en it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny hat de Georgysk-Otterdokse Tsjerke yn it nije Georgje fierhinne syn âlde plak wer ynnommen. De Georgyske grûnwet skinkt erkenning oan 'e bysûndere rol dy't de Tsjerke yn 'e skiednis fan it lân spile hat, mar hâldt fêst oan 'e skieding fan tsjerke en steat. De bannen tusken dy beide ynstituten binne fêstlein yn it Konkordaat fan 2002. De Georgysk-Otterdokse Tsjerke is de iennichste religieuze ynstelling dy't yn Georgje offisjele erkenning fan oerheidswegen genietet. De Tsjerke hat in ledetal fan sa'n 3,2 miljoen yn Georgje sels en noch ferskate hûnderttûzenen yn oare lannen, benammentlik yn Ruslân. Yn 2002 besloech de Georgysk-Otterdokse Tsjerke 35 bisdommen, likernôch 600 tsjerken en sa'n 730 preesters. Kwestjes dy't de lêste jierren foar frijwat trelit soarge hawwe, binne de ûnienichheid mei de Armeensk-Otterdokse Tsjerke oer it besit fan guon yn 'e kommunistyske tiid ûnteigene tsjerkegebouwen (dat al spilet sûnt de it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny yn 1991), en de ôfskieding fan 'e Abgazysk-Otterdokse Tsjerke (yn 'e de facto ûnôfhinklike steat Abgaazje), yn 2009.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|