Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië

(Trochferwiisd fan Patriargaat fan Antiochië)

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't teffens bekend is as it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Antiochië, it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Antiochië en Hiel it Easten en de Antiocheensk-Otterdokse Tsjerke (offisjeel, Gryksk: Πατριαρχεῖον Ἀντιοχείας, Patriarcheion Antiocheias, "Patriargaat fan Antiochië"; yn it Arabysk ûnder de namme: بطريركية أنطاكية وسائر المشرق لل روم الأرثوذكس, Baṭrīarkīyyaẗ Anṭākiyyaẗ wa-Sā’ir al-Mašriq li’l-Rūm al-Ūrṯūḏuks, "Patriargaat fan Antiochië en Hiel it Easten foar de Gryksk-Otterdoksen"). Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e (Gryksk-otterdokse) patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten (in titel dy't it haad fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke ek draacht). It is it âldste fan 'e fjouwer histoaryske patriargaten fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, al erkent it it nominale oekumenyske gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel. De tsjerke brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal, en hat likernôch twa miljoen leden.

Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië
in Gryksk-otterdokse tsjerke yn Hama (Syrje).
in Gryksk-otterdokse tsjerke yn Hama (Syrje).
algemiene ynformaasje
off. namme Patriargaat fan Antiochië
stifting ±35 n.Kr.
ûnôfhinklik 1054 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke)
erkenning 1965 (Roomsk-Katolike Tsjerke)
titel primaat patriarch fan Antiochië en Hiel
   it Easten
sit primaat Damaskus (Syrje)
fierdere bysûnderheden
streaming eastersk-otterdoksy
tsjerketaal Hellenistysk Gryksk
ledetal 2.000.000 (skatting, 2012)
webside www.antiochpatriarchate.org

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië beweart werom te gean op ien fan 'e earste kristlike gemeenten, dy't yn it jier 35 of dêromtrint stifte waard troch de apostel Petrus, sa't beskreaun stiet yn it nijtestamintyske bibelboek Hannelingen fan de Apostels (11:26). It is ien fan 'e fiif tsjerken dy't datselde úthâlde (de oaren binne de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke, de Syrysk-Katolike Tsjerke en de Maronityske Tsjerke. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië ûntstie as in selsstannige tsjerke troch it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de eastersk-otterdokse tsjerken harren losmakken fan 'e Westerske Tsjerke. De Roomsk-Katolike Tsjerke hat mear as 900 jier in titulêre patriarch fan Antiochië fan 'e Latynske liturgy beneamd, oant de sit nei 1953 fakant bleau en yn 1964 ôfskaft waard foarútrinnende op 'e fermoedsoening, yn 1965, tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gryksk-otterdokse tsjerken.

 
De hjoeddeiske Gryksk-otterdokse patriarch fan Antiochië, Jehannes X.

Sa't de namme fan 'e tsjerke al oanjout, wie de sit fan 'e patriarch fan âlds yn Antiochië (it hjoeddeiske Antakya, yn Turkije), mar yn 'e fjirtjinde iuw waard dy nei de ferovering fan Antiochië troch de Osmaanske Turken oerbrocht nei de hjoeddeiske Syryske haadstêd Damaskus, dêr't er noch altiten fêstige is. De tsjintwurdige patriarch is Jehannes X, dy't op 17 desimber 2012 de ferstoarne Ignatius IV opfolge.

Oanhing en fersprieding

bewurkje seksje

It tradisjonele grûngebiet fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië omfettet Syrje, Libanon, Irak, Iraan, it hiele Arabysk Skiereilân en it súdeastlike fearn fan it Turkske Anatoalje. Ek Syprus hearde derta, oant de Tsjerke fan Syprus yn it jier 431 selsstannich waard. Sawol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië as de Tsjerke fan Syprus binne lid fan 'e Middeneastlike Rie fan Tsjerken. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië hat op 't heden ien autonome tsjerke ûnder syn gesach: it yn 1975 oprjochte Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika, mei syn sit yn New York, yn 'e Feriene Steaten, dat stifte is foar Middeneastlike Gryksk-otterdokse emigranten dêre.

Hoewol't der gjin offisjele ledetellings beskiber binne, wurdt rûsd dat de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië omtrint twa miljoen leden hat, wêrfan't de grutte mearderheid, likernôch 1,1 miljoen, alteast foar't yn 2012 de Syryske Boargeroarloch útbriek, yn Syrje wenne. Yn Libanon libje sa'n 460.000 Gryksk-otterdoksen,[1] wylst yn 'e rest fan it Midden-Easten miskien noch in 100.000 tahâlde. De rest wennet om utens, benammentlik yn Noard-Amearika, West-Jeropa en Austraalje. It Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika hat likernôch 75.000 leden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Keulen, Jan, Libanon, Amsterdam/De Haach, 1996 (Koninklijk Instituut voor de Tropen/Novib), ISBN 9 06 83 23 326.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.