Metoadius
Metoadius (Gryksk: Μεθόδιος, Methodios; Aldtsjerkeslavysk: Мефодии. Mefodiij; doopnamme: Michael) (Tessaloniky, 826 - Grut-Moravyske Ryk, 6 april 885) wie in Gryksk-Byzantynse akademikus en aartsbiskop fan it Grut-Moravyske Ryk, dêr't Moraavje it middelpunt fan wie.
Metoadius wie de meast wichtige oersetter fan de Bibel yn it Aldtsjerkeslavysk. Dy Bibel waard skreaun yn it Glagolitysk alfabet, dat betocht waard troch syn broer Syrillus fan Saloniky.
Metoadius syn feestdei is (tagelyk mei Syrillus) 14 febrewaris (yn 't ferline 7 july en/of 6 april). Hy is ûnder oaren de patroanhillige fan Europa, Bohemen, Bulgarije, Tsjechje.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) HH.Syrillus, muonts, en Metoadius, biskop, patroanen fan Europa (HeiligenNet)
- (ned) Metoadius fan Thessalonika (Hilligen-3s)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saints Cyril and Methodius fan Wikimedia Commons. |