Pseudo-Filo
Pseudo-Filo is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst yn it Latyn, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wurdt sa neamd om't it oerlevere is mei de Latynske oersettings fan 'e geskriften fan Filo fan Aksandrië, wylst it oerdúdlik net fan 'e hân fan Filo sels is. De feitlike Latynske titel is Liber Antiquitatum Biblicarum, wat fertaald wurde kinne soe as "it Boek fan 'e Bibelske Aldheden". Saakkundigen binne fan betinken dat Pseudo-Filo oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun west hawwe moat, en doe oerset is yn it Gryksk, wêrnei't de Grykske oersetting wer fertaald is yn it Latyn, mei as ferfelend resultaat dat in grut tal eigennammen dy't net út 'e Bibel bekend binne sa slim ferpield binne dat de oarspronklike foarm net mear werom te finen is. It is noch net alhiel dúdlik wannear't Pseudo-Filo datearre wurde moat. Om't yn 'e tekst sels útholden wurdt dat de Timpel fan Jeruzalim noch stiet, wolle guon wittenskippers hawwe, it soe foàr it jier 70 skreaun wêze, mei't de Timpel doe troch de Romeinen ferrinnewearre waard. Oare saakkundigen sjogge gjin oertsjûgjende arguminten foar sa'n iere datearring en miene dat Pseudo-Filo pas koart nei de midden fan 'e twadde iuw gearstald is, of mooglik ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer Hadrianus (117-138).
Pseudo-Filo | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 50 – 138 n.Kr. |
Ynhâld
bewurkje seksjePseudo-Filo jout de ferhalen fan 'e Bibel wer fan Adam en Eva oant de dea fan kening Saul fan Israel, sij it mei alderlei weilittings, tafoegings en feroarings. In protte fan 'e tafoegings hawwe parallellen yn oare âlde joadske geskriften, mar Pseudo-Filo is nei alle gedachten de boarne fan in grut tal lettere legindaryske tafoegings oan of ferbasterings fan 'e bibelske ferhalen, lykas dat de aartsfaar Abraham yn it fjoer smiten wêze soe, dat syn oerpakesizzer Dina mei Job troud wêze soe, en dat de profeet Mozes al besnien west hawwe soe doe't er te wrâld kaam. In oare tafoeging sûnder ienige grûn yn 'e Bibel is bygelyks it ferhaal dat Abraham in opstân laat hawwe soe tsjin 'e bouwers fan 'e Toer fan Babel (wat de reden wie dat er yn it fjoer smiten waard). Party saakkundigen riddenearje dat it einigjen mei it regear fan Saul ymplisearret dat it geskrift oarspronklik langer west hat, en dat der no in stik mist.
Tige opmerklik is fierders de klaachsang oer it symboalyske minske-offer, foarme troch de dochter fan 'e rjochter Jefta, wêrby't it fanke sels de sjongster is. Har karakterisaasje is, krekt as dy fan oare froulju yn Pseudo-Filo, folle dúdliker en positiver as dy fan harren bibelske wjergaders. It fanke kriget hjir boppedat in namme (Seila), en hja wurdt foarsteld as in wize en gewillige dielnimster oan it ritueel, ynstee fan passyf en tsjinnich, sa't se yn it bibelboek Rjochters (11:34-40) werjûn wurdt. Undersiker Pieter van der Horst murk yn 1989 yn syn artikel Portraits of Biblical Women in Pseudo-Philo's "Liber Antiquitatum Biblicarum" yn it Journal for the Study of Pseudepigrapha op dat "de skriuwer syn uterste bêst dien hat om dizze frou op itselde nivo te pleatsen as de aartsfaars, yn dit gefal spesifyk Izaäk." (In ferwizing nei it ôfbrutsen minske-offer fan 'e aartsfaar Izaäk, yn Genesis 22:1-18.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References and external links, op dizze side. |