Brief oan de Aleksandrinen
It Brief oan de Aleksandrinen, ek wol koartwei Aleksandrinen neamd, is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dy't neamd wurdt yn it Fragmint fan Muratori, mar sels net oerlevere is. De anonime skriuwer fan it Fragmint fan Muratori, ien fan 'e âldste listen fan kanonike geskriften fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel, beskôge Aleksandrinen as apokryf. Utsein ditte is der eins neat mei wissichheid oer dit brief te sizzen.
Brief oan de Aleksandrinen | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | ûnbekend (ferlern gien) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend (ferlern gien) |
De Dútske bibelwittenskipper Theodor Zahn (1838-1933) miende dat er in fragmint fan Aleksandrinen ûntdutsen hie yn it achtste-iuwske Sakremintarium en Leksjonarium fan Bobbio, yn 'e Bibliothèque Nationale de la France, te Parys. Dat fragmint bestiet út in learend stik mei as titel Brief fan Paulus de Apostel oan de Kolossers, mar it komt net út it nijtestamintysk Brief oan de Kolossers, noch út lykfol hokker oar bekend brief fan Paulus. Der wurdt ek wol tocht dat Brief oan de Aleksandrinen ienfâldichwei in alternative namme is foar it Brief oan de Hebreeërs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |