Iepenbiering fan Tomas
De Iepenbiering fan Tomas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas, dat in fizioen fan 'e Einichste Dei en it Lêste Oardiel beskriuwt, en dat fierhinne as in wat ôfwikende ferzje fan 'e Iepenbiering fan Jehannes beskôge wurde kin, sij it skreaun op in wat minder riedselige en mystike wize.
Iepenbiering fan Tomas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e – 4e iuw |
De Iepenbiering fan Tomas datearret út 'e perioade fan 'e twadde oant de fjirde iuw, en wie oarspronklik yn it Gryksk skreaun. De tekst is oerlevere yn it Latyn, dêr't er yn Itaalje of Noard-Afrika yn oerset is (of mooglik kopiëarre is fan in âldere oersetting). Yn 'e Midsiuwen hie de Iepenbiering fan Tomas in grutte fersprieding yn West-Jeropa, en dat it yn 'e fyfde iuw troch Gelasius fan Kyzikus kettersk ferklearre wie, skynt datoangeande neat útmakke te hawwen. De populariteit fan 'e tekst berikte in hichtepunt tusken de achtste en de alfde iuw, doe't der rûnom kopyen fan skreaun waarden, mar ek dêrnei bleau it noch iuwenlang in bekend geskrift, en rekke it pas nei 1600 yn it neigean.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |