Hannelingen fan Timóteüs
De Hannelingen fan Timóteüs is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't benammen in beskriuwing jout fan 'e apostel Timóteüs yn dy syn hoedanichheid fan 'e earste biskop fan 'e stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. It is in oarspronklik yn it Gryksk steld geskrift, dat nei gedachten út 'e fyfde iuw datearret. Lange tiid wie de Hannelingen fan Timóteüs inkeld bekend fan in Latynske oersetting út 1643. Mar yn 1847 waard der in manuskript út 'e alfde of tolfde iuw ûntdutsen dat in ferzje wie fan it Gryksktalige orizjineel, en dat yn 1877 publisearre waard. De Latynske oersetting skriuwt it wurk ta oan Polykrates fan Efeze (±130-196), mar yn it Grykske orizjineel ûntbrekt dy fermelding, wat der wierskynlik op wiist dat dy taskriuwing in lettere tafoeging is.
Hannelingen fan Timóteüs | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e iuw |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Hannelingen fan Timóteüs ferhelje hoe't Paulus syn assistint Timóteüs ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer Nearo ta biskop wijd hie doe't se beide tagelyk Efeze oandiene. Ek behannelet it de marteldersdea dy't Timóteüs letter stoar ûnder in religieus heidensk feest, wêrby't maskere manlju yn groepen de stêd trochteagen en in elk dy't op har paad kaam mei kneppels yninoar sloegen en yn guon gefallen sels fermoarden. (Dat yn 'e tekst nammeleaze feest is troch histoarisy identifisearre as de katagogia, wat rûchwei oerset wurde kin mei "it delheljen", in feest dat assosjearre wurdt mei de kultus fan Dionysus, de god fan 'e wyn en de ekstaze.) Neffens de Hannelingen besocht Timóteüs in ein te meitsjen oan it geweld, mar waard er ynstee sels deaslein. De Hannelingen fan Timóteüs befetsje trouwens suver likefolle materiaal oer Timóteüs as oer de evangelist Jehannes, dy't ek jierrenlang yn Efeze ferbleau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |