Evangeelje fan Nikodémus
It Evangeelje fan Nikodémus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dêr't fan sein wurdt dat er skreaun wêze soe troch in lid fan 'e Oarder fan Nikodémus, neamd nei de joadske skriftlearde Nikodémus, dy't yn 'e kanonike evangeeljes fan it Nije Testamint figurearret. De tekst, dy't nei alle gedachten yn 'e midden fan 'e fjirde iuw gearstald is út ûnderskate âldere geskriften, is oerlevere yn ferskate Midsiuwske Latynsktalige manuskripten, hoewol't de boarneteksten oarspronklik yn it Gryksk skreaun wiene.
Evangeelje fan Nikodémus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | midden 4e iuw |
De Hannelingen fan Pilatus
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Hannelingen fan Pilatus.
Fierwei it grutste part fan it Evangeelje fan Nikodémus wurdt opmakke troch de Hannelingen fan Pilatus (ek wol it Evangeelje fan Pilatus neamd), in tekst dy't ek ûnderdiel útmakket fan 'e Hannelingen fan Petrus en Paulus. Neffens de tekst fan 'e Hannelingen fan Pilatus is dat geskrift gearstald út offisjele ferslaggen út it pretoarium te Jeruzalim, dy't troch de klerken dêre yn opdracht fan 'e Romeinske steedhâlder fan Judeä, Pontius Pilatus, optekene binne foar keizer Tibearius. Dêryn wurdt sawol melding makke fan 'e krúsdea fan Jezus as fan beskate wûndertekens. It is tige ûnwierskynlik dat it dokumint autentyk is, mei't der gjin inkele histoaryske basis is foar de foarûnderstelling dat Romeinske steedhâlders de dea fan lju dy't it Romeinsk boargerskip net besieten rapportearren oan it sintrale regear yn Rome, lit stean oan 'e keizer sels. It iepentlik kristlik boadskip stelt de tekst noch fierder yn 'e kiif, mei't der gjin bewiis is dat Pontius Pilatus ea bekeard is ta it kristendom.
Restearjende ynhâld
bewurkje seksjeIn taheakke tekst hâldt út in brief te wêzen dat Pontius Pilates skreaun hawwe soe oan keizer Klaudius, mei dêryn in antysemityske beskriuwing fan 'e krusiging en it ferhaal fan 'e weropstanning, beide yn 'e foarm fan in offisjeel ferslach. Guon Latynske manuskripten fan it Evangeelje fan Nikodémus befetsje fierders noch de Cura Sanitatis Tiberii ("De Genêzing fan Tibearius"), de âldste ferzje fan 'e leginde oer de hillige Feronika, wêryn't keizer Tibearius fan syn krupsje genêzen wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |