Gebed fan Joazef
It Gebed fan Joazef wie in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wie in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Joazef, de soan fan 'e aartsfaar Jakob, dêr't net mei wissichheid fan sein wurde kin oft it fan joadske of fan kristlike oarsprong wie. Der binne mar trije fragminten, yn 'e foarm fan sitaten yn wurken fan oare skriuwers, fan oerlevere, mar dêr kin út opmakke wurde dat it Gebed fan Joazef fertelde dat de aartsfaar Jakob in ynkarnaasje fan 'e ingel Israel wie, dy't mei de aartsingel Uriël wedivere om wa't yn 'e himel de heechste rang hawwe soe. It moat skreaun wêze yn 'e earste iuw, yn itsij it Arameesk (as it fan joadske oarsprong wie), itsij it Gryksk (as it in kristlike tekst wie).
Gebed fan Joazef | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Arameesk of Aldgryksk | |
foarm | gebed | |
skreaun | 1e iuw n.Kr. |
Oerlevering en oarsprong
bewurkje seksjeIt Gebed fan Joazef wie yn 'e Aldheid rûnom bekend, en de kristlike tsjerkfaar Origenes omskreau it as "in geskrift dêr't men net omhinne kin". Fierdersoan hold er út dat it yn gebrûk wie ûnder de joaden. Fragmint A, it langste, is oerlevere yn Origenes syn Kommentaar op it Evangeelje fan Jehannes. Fragmint B, ien inkele sin, is oerlevere yn Boek VI fan 'e Præparatio Evangelica fan Eusebius, en krektlyk yn it Kommentaar op Genesis, fan Prokopius fan Gaza, en yn in samling fan 'e geskriften fan Origenes dy't ornaris bekendstiet as de Philokalia. Fragmint C, dat ek yn 'e Philokalia oerlevere is, parafrasearret Fragminten A en B. De titel "Gebed fan Joazef" kin fûn wurde yn withoefolle dokuminten út 'e Aldheid. Ut 'e Stigometry fan Nisefoarus docht fierders noch bliken dat it Gebed fan Joazef oarspronklik út 1100 regels bestie.
Fanwegen de beheindens fan it oerlevere part fan 'e tekst is it frijwol ûnmooglik om it komôf derfan te bepalen. Guon saakkundigen beskôgje it as joadsk-kristlik, oaren as gnostysk, wer oaren as joadsk anty-kristlik, en wer oaren as kristlik anty-joadsk. De grutste oanhing hat lykwols de teory dat Origenes it by it rjochte ein hie, en dat it hjir om in joadske tekst giet.
Oerlevere fragminten
bewurkje seksjeDe tekst fan Fragmint B is ien inkele regel, dêr't Jakob yn seit:
- "Want ik lês op 'e tafels fan 'e himel alle dingen dy't dy en dyn soannen oerkomme sille."
De tekst fan Fragmint A is sa:
- "Alsa seit Jakob: 'Ik, Jakob, dy't jimme tasprekt, en Israel, ik bin in ingel fan God, in hearskjende geast, en Abraham en Izaäk waarden skepen foàr elts oar wurk fan God; en ik bin Jakob, wurd Jakob neamd troch de minsken, mar myn namme is fan Israel, ik wurd Israel neamd troch God, bin in man dy't God sjocht, mei't ik de earstberne bin fan alle ding dat God libben makke.' En hy ferfettet: 'Doe't ik út it Mesopotaamje fan Syrje weromkearde, kaam Uriël, de ingel fan God, fanwegen, en ik sei: Ik bin delkommen nei de ierde en haw myn wente mank de minsken, en ik wurd fan namme Jakob neamd. Hy wie lulk op my en focht tsjin my en wraksele mei my, en sei dat syn namme en de namme fan Him dy't foàr eltse ingel is foàr myn namme wêze moatte soe. En ik sei tsjin him wat syn namme wie en hoe grut oft er wie mank de soannen fan God: Bisto net Uriël, myn achtste, en bin ik net Israel en aartsingel fan 'e macht fan 'e Heare en in earsten oerste mank de soannen fan God? Bin ik net Israel, de foarste tsjinner foar it antlit fan God, en haw ik myn God net oanroppen mei de ûnútwiskbere namme?"
De wrakseling fan Jakob mei Uriël is dúdlik in ferwizing nei de bibelpasaazje út Genesis 32:23-33, wêryn't beskreaun wurdt hoe't de aartsfaar Jakob op syn weromtocht út Mesopotaamje nei it lân Kanaän by it nachtlik oerstekken fan 'e rivier de Jabbok, op it plak dat fan dy tiid ôf Pniël of Peniël kaam te hjitten, oanfallen wurdt troch in man en oant de dage mei him wrakselet. Yn Genesis wurdt lykwols dúdlik steld dat it God sels, en net in ingel, is dy't mei Jakob fjochtet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |