Traktaat oer de Weropstanning
It Traktaat oer de Weropstanning is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It wurdt somtiden ek wol it Brief oan Rheginos neamd, mei't it de foarm hat fan in brief, dat in beskie liket te wêzen op fragen oer de weropstanning dy't oan 'e anonime skriuwer steld wiene troch in Rheginos. It Traktaat oer de Weropstanning wurdt ornaris datearre yn 'e iere twadde iuw.
Traktaat oer de Weropstanning | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt wichtichste boadskip fan it traktaat of brief is dat kristenen harsels troch de selsopoffering fan Jezus Kristus al as yn geastlike sin weropstien beskôgje moatte soene, en dat dy weropstanning wier is en net inkeld in metafoar. It wol fierders hawwe dat Jezus "as fleis libbe" en "sawol minsklik as godlik" wie. Dêrmei nimt de tekst dúdlik ôfstân fan it dosetisme, in rûnom foarkommende lear ûnder gnostyske kristenen, dy't hawwe woe dat Jezus inkeld skynd hie te libjen, te stjerren en wer op te stean. It Traktaat seit ek noch dat Jezus "himsels de Soan fan God toande". Los fan dizze frij otterdokse kristlike skaaimerken is de tekst fierders dúdlik gnostysk, mei't it gnostyske ideeën útdraacht, lykas it bestean fan ferskate godheden en eoanen, predestinaasje en in djip respekt foar de apostel Paulus, dy't it oantsjut as "Dé Apostel". Dit geskrift soe sadwaande it wurk wêze kinne fan in sabeare-gnostyske streaming, dy't oangeande de natuer fan Kristus rjochtsinniger tinkbylden beholden hie as it grutste part fan 'e gnostyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |