Hannelingen fan Tomas
De Hannelingen fan Tomas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas, al wurdt dy yn 'e tekst ornaris fan "Judas" of "Judas Tomas" neamd (mei't "Tomas" "twilling" betsjut en de anonime skriuwer dat blykber beskôge as in bynamme). De Hannelingen fan Tomas, dat net betize wurde moat mei it Evangeelje fan Tomas of it Berne-evangeelje fan Tomas, datearret nei alle gedachten út 'e iere trêde iuw. Yn folsleine foarm is it oerlevere yn it Syrysk en it Gryksk, wylst fragminten yn ferskate oare talen bewarre bleaun binne. Nuveraardichheden yn 'e Grykske tekst wize derop dat dy in oersetting út it Syrysk is, en dat de Hannelingen fan Tomas dus oarspronklik yn it Syrysk skreaun wêze moatte. De oerlevere Syrysktalige manuskripten binne lykwols ûntdien fan 'e iepentlikste gnostyske passaazjes, sadat de Grykske ferzjes de oarspronklike tekst better werjouwe. Der binne fragminten oerlevere fan fjouwer oare "hannelingen" fan Tomas, mar dit is de iennichste folsleine.
Hannelingen fan Tomas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 3e iuw |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Hannelingen fan Tomas ferhellet oer de sindingsreis dy't de apostel Tomas neffens de leginde ûndernaam nei Yndia, dêr't er rûnom it evangeelje útdraacht en wûndertekens ferrjochtet. It einiget mei syn martelderskip as er mei spearen deade wurdt om't er ien fan 'e froulju fan 'e kening "Misdéus" (Vasudeva I) bekeard hat, en dêropta noch in manlik famyljelid fan 'e kening, dy't Charisius hjitten hawwe soe. It is in romantisearre tekst dy't folksleginden kombinearret mei religieuze propaganda en sawol ûnderwize as fermeitsje wol. Yn 'e Hannelingen fan Tomas is op ferskillende plakken, ôfhingjend fan 'e ûnderskate manuskripttradysjes, in Syryske hymne, De Hymne fan de Pearel, opnommen. Dat is in geskrift dat folle âlder is as de Hannelingen fan Tomas en dat ek wol selsstannich oerlevere is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|