Evangeelje fan Marije Magdalena
It Evangeelje fan Marije Magdalena is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It iennichste oerlevere, yn it Koptysk skreaune manuskript waard yn 1896 ûntdutsen yn in papyruskodeks út 'e fyfde iuw, de Papyrus Berolinensis 8502, dy't yn 'e Egyptyske haadstêd Kaïro kocht waard troch de Dútske wittenskipper Karl Reinhardt. Njonken it Evangeelje fan Marije Magdalena befettet deselde papyruskodeks ek hânskriften fan it Geheime Boek fan Jehannes en de Wysheid fan Jezus Kristus en dêropta in ûnfolsleine ferzje fan 'e Hannelingen fan Petrus. Njonken de Papyrus Berolinensis 8502 binne fan it Evangeelje fan Marije Magdalena guon fersille papyrusfragminten bewarre bleaun.
Evangeelje fan Marije Magdalena | ||
In fragmint fan it Evangeelje fan Marije Magdalena (P. Oxyrhynchus L 3525). | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 180 n.Kr. |
Namme en typearring
bewurkje seksjeIt Evangeelje fan Marije Magdalena, sa't de tekst ornaris yn net-wittenskiplike fermiddens neamd wurdt, is in wat riedselich geskrift. Yn it foarste plak ferhellet it oer in Marije, mar wurdt der net by sein hokker (yn 'e kanonike evangeeljes fan it Nije Testamint komme in stikmannich ûnderskate froulju mei dy namme foar). De measte bibelwittenskippers en teologen dy't de tekst bestudearre hawwe, binne it deroer iens dat it yndie om Marije Magdalena, de froulike dissipel fan Jezus fan Nazaret, gean moat, mar dy miening is net unanym. Inkele saakkundigen wolle hawwe dat it noch by it libben fan Jezus skreaun is, mar de measten datearje it tusken 120 en 180. It Evangeelje fan Marije Magdalena wurdt ornaris ta de gnostyske evangeeljes rekkene, al ûntbrekke guon krúsjale gnostyske tinkbylden (bgl. oangeande it dualistysk aard fan 'e skepping) yn 'e oerlevere dielen fan 'e tekst.
Ynhâld
bewurkje seksjeKwa ynhâld giet it Evangeelje fan Marije Magdalena benammen oer de himelfeart fan 'e minsklike siel nei de dea. Neffens de tekst soe Jezus dêroer dingen oan Marije Magdalena trochdien hawwe dy't er net oan syn (manlike) dissipels ferteld hie. It persize boadskip fan it geskrift is lykwols ûndúdlik, mei't de foarste seis siden fan it manuskript ûntbrekke en der út 'e midden ek nochris fjouwer siden misse. It Evangeelje fan Marije Magdalena hat de foarm fan in petear tusken Marije en de dissipels, wêrby't benammen Andréas en Petrus Marije har ferhaal oer de dingen dy't Jezus har leard hawwe soe, iepentlik yn 'e kiif stelle, wylst "Levy" (dy't identifisearre is as Mattéus) har ferdigenet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |