Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus)
De Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus) is algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Dit geskrift moat net betize wurde mei de Fragen fan Bartoloméus, mar it is wol mooglik dat it identyk is oan it missende Evangeelje fan Bartoloméus. De saakkundigen binne der noch net oer út wannear't de Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus) krekt datearre wurde moat. De tekst is oerlevere yn trije ûnfolsleine Koptyske manuskripten en guon fersille fragminten yn deselde taal, en ferhellet fan beskate fizioenen fan 'e apostel Bartoloméus en guon hannelingen fan 'e apostel Tomas, mar giet yn it foarste plak oer de krúsdea en weropstanning út 'e dea en himelfeart fan Jezus Kristus. Dit geskrift liket alhiel frij te wêzen fan gnostyske ynfloeden, en poer bedoeld te wêzen as in oanfolling op 'e bibelferhalen út 'e fjouwer kanonike evangeeljes.
Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus) | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus) bestiet út in stikmannich parten dy't mar sydlings opinoar oanslute, en dy't op non-lineêre wize op 't aljemint brocht wurde. De tekst set útein mei in mar frijwat bluodderige beskriuwing fan wat Jezus as syn lotsbestimming sjocht, te witten syn krusiging. Dêrop folget in ferhaal oer immen dy't besiket om Jezus syn plak yn te nimmen en foar him yn 't stee te stjerren, mar de preesters binne net by steat om him dea te dwaan, sels net as hja besykje en stiennigje him, of as se him yn in ûne stopje. Dêrnei beskriuwt de Weropstanning hoe't Jezus delgiet nei de hel en dêr in preek hâldt foar syn ferrieder, Judas Iskariot. Hy rêdt dêrnei alle ferflokte sielen út 'e hel, útsein Judas, Kaïn en Heroades de Grutte.
Dan folget der in flashback fan in túnman nei de nacht dat ingels yn fjurrige striidweinen, yn it selskip fan God sels, delkamen nei de ierde om Jezus op te wekjen út 'e dea. Bartoloméus is dêr tsjûge fan en kriget daliks dêrnei in fizioen wêryn't er sjocht hoe't Jezus yn 'e heechste fan 'e sân himels ynhelle wurdt mei lûd jûchhei. Dêrop kriget er in flashback oer in godlik besyk oan 'e Oliifberch. Underwilens is de apostel Tomas dwaande mei it wer ta libben wekjen fan syn soan Siofanes (mooglik in kopiëarflater dy't eins Teofanes wêze moatte soe). Nei't him dat slagge is, beskriuwt de jonge it hjirneimels, en doopt Tomas sa'n tolvetûzen ûnder de yndruk rekke omstanners. Om tsjûge te wêzen fan 'e himelfeart fan Jezus wurdt Tomas úteinlik op in wolk by de oare apostels ôflevere. Dêr oankommen kin er suver net leauwe dat Jezus opstien is út 'e dea (ek al hat er sels krekt syn soan wer ta libben brocht). Nei de himelfeart geane de aposels útinoar om it evangeelje út te dragen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |