Bartoloméus (apostel)
Bartoloméus, Bartolomeüs of Bartholomeus is ien fan de tolve apostels fan Jezus Kristus, dy't û.m. as sadanich neamd wurdt yn Mattéus 10:1-4; Markus 3:13-19; en Lukas 6:12–16. Syn folsleine namme wie wierskynlik Natanaël Bar-Tolmai.
Syn libben
bewurkje seksjeWat mei wissichheid te sizzen falt oer Bartoloméus is dat hy neamd wurdt yn de synoptyske evangeeljes en yn de Hannelingen fan de Apostels. Syn namme betsjut 'soan fan Tolomai' en teologen beskôgje Nathanael yn it Evangeelje fan Jehannes as Bartoloméus.
“Filippus gie Nathanael opsykjen en sei tsjin him: ’dejinge dêr't Moazes yn de wetten en ek de profeten oer skreaun hawwe, dy hawwe wy fûn: Jezus is syn namme de soan fan Joazef út Nazaret. ‘Nazaret?’ sei Nathanael. “kin dêr wat goeds weikomme?”. Mar Fillipus hâldt fol: ‘kom mei en do silst it sjen’. Jezus seach dat Nathanael nei him ta kaam en sei oer him: ‘Der is in wiere Israelyt, yn wêr't gjin ûnearlikheid te finen is; ’Wêr kenne jo my fan?’ frege Nathanael. Jezus joech him as antwurd: ’Noch foardat Fillipus dy roppen kaam, hie ik dy al sjoen’. ‘Rabbi', sei Nathanael, ‘jo binne de soan fan god, jo binne de kening fan Israel’. Wêrop Jezus sei: ’Do leauwst omdat ik sei dat ik dy sjoen hie? Do silst noch gruttere dingen sjen‘.
Bartoloméus hat foar yn Perzje, Mesopotaamje, Egypte en Armeenje it geloof ferkundige. Hy stoar in marteldea, hy waard yn Perzje libbend strûpt. Syn lichem is oerbrocht nei Rome. Syn feestdei is 24 augustus. It evangeelje fan Bartoloméus is apokryf en wurdt net erkend.
Triviaal
bewurkje seksje1572, it is de tiid fan godstsjinstkrigen. De oanwêzichheid fan in soad hugenoaten yn Parys foar it houlik fan Hindrik IV joech Catherina de Medici en Karel IX de kâns om in bloedbad oan te rjochtsjen. De massale slachting fûn plak yn 'e Sint-Bartoloméusnacht en waard de Bloedbrulloft neamd. Fan 23 op 24 augustus 1572 waarden mear as 8.000 hugenoaten yn Parys om hals brocht.
Ferearing
bewurkje seksjeIn soad ambachten kenne Bartoloméus as patroanhillige. Fan boekbiners oant bakkers en boeren, fan kleanmakkers ta skuonmakkers en learloaiers. Fanwege it útdriuwen en genêzing fan geastessykten, waard Bartoloméus om foarspraak frege tsjin senuwsykten, stûpen en hûdsykten.
Syn attribút is in stôk mei in stik hûd.