Ezra (Latyn)
Ezra (Latyn) of de Latynske Iepenbiering fan Ezra is in joadsk religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat troch alle joadske streamings en it grutste part fan it kristendom as apokryf beskôge wurdt. Dizze tekst is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en is skreaun om 'e Joaden te treasten yn in tiid fan grut fertriet (foar 't neist de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70). Hoewol't Ezra (Latyn) yn syn folsleinens, sa't de titel al oanjout, inkeld yn it Latyn oerlevere is, en dy Latynske ferzje nei alle gedachten in oersetting út it Gryksk wie, is men fan tinken dat de tekst oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun wêze moat. It grutste part fan Ezra (Latyn) (de haadstikken 3-14) is ek oerlevere yn (hieltyd justjes faninoar ôfwikende) fertalings yn Syrysk, Arabysk, Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje), Georgysk en Armeensk. De oarsprong is ûnmooglik noch werom te finen troch twa of mear lagen fan oersetting hinne, mar it liket derop dat oer it grutste part (h. 3-14) yn elts gefal mear as ien skriuwer gear west hat. Ezra (Latyn) wurdt yn 'e regel datearre oan 'e ein fan 'e earste iuw, mooglik yn 'e snuorje 90-96, al miene guon saakkundigen dat it fan folle letter datum is, miskien sels wol út 218.
Latynske Iepenbiering fan Ezra | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 90 – 96 n.Kr. (?) |
Namme
bewurkje seksjeEzra (Latyn) stiet ek wol bekend as de Joadske Iepenbiering fan Ezra (net te betiizjen mei de Grykske Iepenbiering fan Ezra) en wurdt yn ferskillende bibels ferskillend nûmere: yn 'e measte apokrife taheakken op Ingelsktalige bibels hjit it fan 2 Ezra of 2 Esdras ("Esdras" is de helenisearre foarm fan "Ezra"); yn 'e Slavyske eastersk-otterdokse, Georgysk-otterdokse en Armeensk-otterdokse bibels fan 3 Ezra of 3 Esdras; en yn 'e Latynske Fulgaat fan 4 Ezra of 4 Esdras. Yn 'e bibel fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke hjit dit boek fan Ezra Sutu'el. (Yn 'e Grykske Septuaginta is it net opnommen.)
De tekst falt útinoar yn trije dielen. It begjin (h. 1-2) en de ein (h. 15-16) binne allinnich yn it Latyn oerlevere; de rest is ek yn it Gryksk bewarre bleaun. Bibelwittenskippers en teologen nûmerje dizze dielen sadwaande wol gauris apart faninoar. Haadstik 3-14 is dan 4 Ezra of 4 Esdras; haadstik 1-2 5 Ezra of 5 Esdras; en haadstik 15-16 6 Ezra of 6 Esdras.
Kanonykheid
bewurkje seksjeDe haadstikken 3-14 fan Ezra (Latyn) wurde ta de kanon fan 'e Bibel rekkene troch guon fan 'e Slavyske eastersk-otterdokse tsjerken, mei as wichtichste de Russysk-Otterdokse Tsjerke, en dêrnjonken ek troch de Georgysk-Otterdokse Tsjerke. Under de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken heart itselde part fan Ezra (Latyn) ta de kanon fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke. Yn 'e kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke, foarmje Ezra Kali (Ezra Gryksk) en Ezra Sutu'el (h. 3-14 fan Ezra (Latyn)) mei-inoar ien bibelboek. Hiele Ezra (Latyn) is opnommen yn 'e Latynske Fulgaat en in protte Ingelsktalige bibels, mar inkeld as in nijsgjirrige apokrife taheakke.
Ynhâld
bewurkje seksjeHaadstik 1-2 (5 Ezra)
bewurkje seksjeDizze haadstikken binne inkeld oerlevere yn it Latyn en wurde troch tekstûndersikers beskôge as in lettere, kristlike tafoeging, mooglik út 'e trêde iuw. Hjiryn wurdt Gods ôfwizing fan 'e Joaden beskreaun en dêropta in fizioen fan 'e Soan fan God.
Haadstik 3-14 (4 Ezra)
bewurkje seksjeDit diel bestiet út sân fizioenen fan 'e preester Ezra. It earste fizioen fynt plak as Ezra noch yn Babylon is. Hy freget God hoe't de Joaden yn 'e benearing fan 'e Babyloanyske Ballingskip holden wurde kinne as God rjochtfeardich is. De aartsingel Uriël wurdt stjoerd om syn fraach te beäntwurdzjen, en jout Ezra it beskie dat Gods wegen troch it minsklik ferstân net begrepen wurde kinne. Mei gauwens, lykwols, sil no de Einichste Dei komme, en dan sil Gods rjocht oan in elk iepenbiere wurde. Yn it twadde fizioen freget Ezra wêrom't it keninkryk Juda oan 'e Babyloaniërs oerjûn is, en op 'e nij jout Uriël him itselde antwurd. Yn it trêde fizioen freget Ezra wêrom't de wrâld net ûnderhearrich makke is oan 'e Joaden, dy't dochs Gods útkarde folk binne. Uriël antwurdet dat it hjoeddeiske tiidrek in oergongssitewaasje is. Dan folget der in omskriuwing fan 'e sûnders en de rjochtfeardigen. Ezra freget noch oft de rjochtfeardigen by it Lêste Oardiel foar de sûnders yn 't pleit gean meie, mar him wurdt oansein dat der tsjin it Lêste Oardiel net abbelearre wurde kin.
De folgjende trije fizioenen binne mear symboalysk fan aard. Yn it fjirde beskriemt in frou har soan, en feroaret dan yn in stêd. Uriël leit út dat de frou de stêd Sion fertsjintwurdiget. Yn it fyfde fizioen wurdt in earn mei trije koppen en tweintich wjukken beskrobbe troch in liuw en dan ferbaarnd. Uriël syn útlis is dat mei de earn it fjirde keninkryk út it fizioen fan 'e profeet Daniël bedoeld wurdt (sjoch: Daniël 2:40). It sechsde fizioen giet oer in man dy't symboal stiet foar de messias, en dy't fjoer útazemet op in kliber oanfallers. Dêrop keart er him ta in freedsume mannichte, dy't him oan him ûnderwerpt. Yn it lêste fizioen ferskynt God oan Ezra om him te oarderjen en stel de Wet fan Mozes fannijs op skrift. Ezra ropt in stikmannich klerken gear en begjint út godlike ynpiraasje te diktearjen. Nei fjirtich dagen hat er 99 teksten fêstlein: de 24 boeken fan 'e joadske Bibel en nochris 70 geheime wurken.
De measte Latynske ferzjes fan Ezra (Latyn) hawwe in grut gat dat santich fersen beslacht tusken 7:35 en 7:36. Dat komt om't se allegearre weromgeane op ien ier manuskript, de Codex Sangermanensis I, dêr't in hiele side út weiwurden wie. Yn 1895 publisearre de ûndersiker Robert Lubbock Bensley in krityske edysje fan it boek wêryn't de ferlern giene fersen wer yn 'e tekst ynpast wiene. Dy binne dêr nûmere 7:36-106, wylst de fersen dy't foartiid 7:36-69 wiene, no 7:107-137 wurden binne.
Haadstik 15-16 (6 Ezra)
bewurkje seksjeDizze lêste haadstikken binne, krekt as de earste beide, allinnich mar oerlevere yn it Latyn. Kwa ynhâld giet it hjir om foarsizzings fan oarloggen en it beskrobjen fan sûnders. Mooglik is dit in kristlike tafoeging út 'e trêde iuw. It hat fierders wol kâns, al is dat net mei wissichheid te sizzen, dat dizze haadstikken tagelyk tafoege binne mei haadstik 1-2. It is lykwols ek mooglik dat se fan joadske oarsprong binne, mei't ien fragmint, h. 15:57-59, ek yn it Gryksk fûn is, en de measte taalwittenskippers binne it deroer iens dat it dêrby om in oersetting út it Hebriuwsk giet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |