Passy fan Petrus en Paulus
De Passy fan Petrus en Paulus (yn it Latyn: Passio Sanctorum Petri et Pauli) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift dat in lette ferzje fan it martelderskip fan apostels Petrus en Paulus werjout, en dat skreaun wêze soe troch in Marsellus, in tiidgenoat fan 'e beide neamde apostels, oer wa't fierders neat bekend is. Yn it echt datearret de Passy fan Petrus en Paulus lykwols fan nei de fjirde iuw.
Passy fan Petrus en Paulus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Passio Sanctorum Petri et Pauli | |
auteur | anonimus | |
taal | Latyn | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 4e iuw |
De ynhâld fan dit geskrift komt fierhinne oerien mei de Hannelingen fan Petrus en Paulus, in oare apokrife tekst; allinnich de ynlieding is oars. Krekt as de Hannelingen fan Petrus en Paulus befettet ek de Passy fan Petrus en Paulus in brief dat neffens de tekst skreaun wêze soe troch Pontius Pilatus, de Romeinske steedhâlder fan Judeä yn 'e tiid fan 'e krusiging fan Jezus fan Nazaret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |