Joazef en Asnat is in religieus geskrift, nau besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat hjoed de dei troch alle joadske streamings en it hiele kristendom as apokryf beskôge wurdt, al hat it yn 'e iere tradysje al ta de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke heart. It is in útwreiding fan 'e passaazjes yn it bibelboek Genesis wêryn't fernijd wurdt dat Joazef, de soan fan 'e aartsfaar Jakob, trout mei de Egyptyske Asnat, de dochter fan Potifeara.

Joazef en Asnat
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw f.Kr.2e iuw n.Kr. (?)

Skriuwer en oarsprong bewurkje seksje

De skriuwer fan Joazef en Asnat is anonym en de saakkundigen binne it der net iens oer wannear't dizze tekst datearre wurde moat; yn 'e regel wurdt tocht oan 'e snuorje fan 'e earste iuw f.Kr. oant de twadde iuw n.Kr., mar guon wolle hawwe dat it út fjirde of fyfde iuw komt. Men kin ek net mei wissichheid sizze oft it (oarspronklik) in joadsk of in kristlik wurk wie, al tinke de measten dat in joadske oarsprong it meast foar de hân leit. In minderheid, foar in grut part deselden dy't de lettere datearring ferdigenje, sjocht it earder as in kristlike tekst.

Oerlevering bewurkje seksje

De ierst oerlevere ferzje is in Syrysk manuskript út 'e sechsde iuw, en teffens besteane der iere Grykske, Latynske, Armeenske en Aldtsjerkeslavyske hânskriften. It geskrift is boppedat oerlevere yn in langere en in koartere ferzje, wat in protte diskusje (mar gjin konklúzje) opsmiten hat oer hokker fan beiden oft âlder is. Ornaris giet men derfan út dat it oarspronklik yn it Gryksk skreaun wie. De titel Joazef en Asnat is in modernenien; de manuskripten hawwe bombidige titels as: De Skiednis fan Joazef de Rjochtfeardige en Asnat Syn Wiif; De Bycht en it Gebed fan Asnat, de Dochter fan Potifeara, de Preester en It Streksume Ferhaal Oangeande it Nôtjaan fan Joazef, de Folslein Oprjochte, en Oangeande Asnat en Hoe't God Harren Feriene.

Eftergrûn bewurkje seksje

Joazef en Asnat is in ferhaal dat fuortbordueret op in twatal passaazjes yn it bibelboek Genesis. Om 'e foarskiednis yn it koart te sketsen: God hie it lân Kanaän oan 'e aartsfaar Abraham en syn neiteam jûn. Abraham syn pakesizzer Jakob, ek ien fan 'e aartsfaars, hie tolve soannen, wêrfan't Joazef, de op ien nei jongste, him it leafst wie. Dêrfandinne dat syn bruorren dochs al oergeunstich op him wiene, mar mei syn waanwiis hâlden en dragen helle er harren hielendal it bloed ûnder de neilen wei. Doe't se der de kâns ta seagen, griepen se him dêrom en ferkochten him as slaaf oan in foarbykommende karafaan. Har heit makken se wiis dat er fan 'e wylde bisten opfretten wie. De slavekarafaan brocht Joazef nei Egypte ta, dêr't er it nei in stikmannich aventoeren op wûnderlike wize ta ûnderkening brocht, wêrmei't er nei de fararo de machtichste man fan it lân waard. Dat kaam moai út, want krekt doe briek der yn Kanaän in hongersneed út, en Joazef wie yn 'e posysje om syn famylje dy minne tiid troch te helpen en úteinlik sels om har yn Egypte asyl oan te bieden.

Wat Joazef en Asnat oanbelanget, stiet yn Gen. 41:45 (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting): "En Farao joech Joazef de namme: Safnat Paneäch en hy joech him Asnat, de dochter fan Potifeara, de pryster fan On, as frou. En Joazef teach derop út, hiel Egypte troch." Yn Gen. 41:50-52 stiet fierders noch: "Ear't der in hongerjier oanbrutsen wie, krige Joazef twa soannen dy't Asnat, de dochter fan Potifeara, de pryster fan On, him skonk. En Joazef neamde de âldste Manasse, want, sei er, God hat my al myn muoite en myn hiele heite hûs ferjitte litten. En de twadde neamde er Efraïm, want, sei er, God hat my fruchtber makke yn it lân fan myn ellinde."

Mear ynformaasje jout de Bibel net oer Asnat of har houlik mei Joazef. It ferhaal ropt sa mear fragen op as dat it antwurden ferskaft. Want wêrom soe in oprjochte ôfstammeling fan Abraham trouwe mei de dochter fan in heidensk preester, en hoe koe it rjochtfeardige wurde dat twa fan 'e tolve stammen fan Israel (Manasse en Efraïm dus) fuortkamen út in houlik mei in net-joadske frou wylst sokke houliken feitlik ferbean wiene ûnder de Wet fan Mozes? De skriuwer fan Joazef en Asnat hat dy lakune blykber opfolje wollen.

Ynhâld bewurkje seksje

Joazef en Asnat bestiet út 29 haadstikken, wêryn't ferteld wurdt hoe't Asnat, in jongfaam dy't al withoefolle weardige houlikskandidaten ôfwiisd hat, fereale rekket op Joazef as dy yn syn hoedanichheid fan ûnderkening fan Egypte har heit besiket. As Joazef tante wurdt oer in mooglik houlik, wiist hy har lykwols ôf om't hja in heidinne is.

Asnat slút harsels dan op yn har toer. Se toant berou oer har ôfgoadetsjinst, bychtet yn gebed har sûnden op en jout har oer oan 'e God fan Joazef. Ta beskie ferskynt der oan har in ingel, dy't har derfan bewissiget dat har gebedens ferheard binne. Der folget in nuveraardich en wiidweidich ritueel, wêrby't de ingel, om har dieleftich te meitsjen oan it libben nei de dea, in magyske hunichskiif mei har dielt, dêr't it teken fan it krús yn kurven is (it is ûndúdlik oft dit in kristlike ferwizing is of net). Fanwegen de hunichskiif wurdt Asnat omjûn troch in swaarm bijen, wêrfan't party deagiet en oaren weromkeare nei de himel (de betsjutting fan dizze passaazje is ûnwis, mar soe tsjutte kinne op 'e inisjaasjeriten fan ien fan 'e mystearjegodstsjinsten). Neitiid sjocht Joazef Asnat wól as in akseptabele houlikspartner; hja trouwe en krije twa soannen, Manasse en Efraïm, sa't yn Genesis beskreaun stiet.

De lêste haadstikken fertelle hoe't de soan fan 'e farao, dy't sels fereale wie op Asnat, besiket om har tsjin har wil te skaken, en Joazef syn healbruorren Dan en Gad oerhellet om dêrby foar him te hantlangjen en mei-iens Joazef út 'e ljochten te helpen. It snoade plan wurdt lykwols feridele troch Joazef syn folle broer Benjamin. De soan fan 'e farao rekket deadlik ferwûne, mar Asnat en Joazef ferjouwe Dan en Gad foar harren belutsenens by dizze mislike streek. (De fijânskip tusken Joazef en Dan en Gad wurdt yn 'e kanonike geskriften nearne wat fan sein — al komt it wol werom yn 'e krektlyk apokrife Testaminten fan de Tolve Aartsfaars — en it ûndúdlik wêrom't de skriuwer fan Joazef en Asnat krekt harren fan al Joazef syn healbruorren in moardoanslach op 'e lea skood, of it moat wêze dat er in persoanlike wrok tsjin 'e stammen Dan en Gad koestere.) It boek einiget mei in soarte fan "en se libben noch lang en gelokkich" as Joazef en Asnat it deistich regear oer Egypte op har nimme.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus