Evangeelje fan Many
It Evangeelje fan Many is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. De oarspronklike titel fan dizze gnostyske tekst wie It Libbene Evangeelje (farianten as It Evangeelje fan de Libbenen komme ek foar). It wie oarspronklik yn it Syrysk skreaun, en moat datearre wurde yn 'e trêde iuw. De skriuwer wie neffens de tradysje de profeet Many, de grûnlizzer fan it nei him neamde manigeïsme, en it Evangeelje fan Many wie ien fan 'e sân hillige geskriften fan dy leauwensrjochting. De tekst is fragmintarysk oerlevere yn 'e Keulske Many-Kodeks (ûntdutsen yn 1969), en op manuskriptfragminten dy't yn 1904 by Sineeske Turpan fûn binne (it manigeïsme wreide him yn it earste milennium fan 'e Westerske jiertelling út nei Sintraal-Aazje en westlik Sina). Guon Koptyske fragminten dy't ûntdutsen binne te Fajûm, yn Egypte, lykje út in soarte fan kommentaar op of preek oer it Evangeelje fan Many te kommen.
Evangeelje fan Many | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldsyrysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 3e iuw |
It is bekend dat it Evangeelje fan Many bestie út 22 dielen, elkmis neamd nei in letter fan it Arameeske alfabet. De alfde-iuwske Perzyske wittenskipper Al-Biruni, dy't de hiele tekst noch ta syn foldwaan hie, skreau dat it in "bysûnder soarte fan evangeelje" wie, dat net bot like op 'e kristlike evangeeljes, en dat de manigeeërs útholden dat harres it iennichste wiere evangeelje wie, wylst dy fan 'e kristenen de wierheid oer de messias ferdraaiden en fertsjustermoannen.
It Evangeelje fan Many wurdt gauris betize mei in oar geskrift fan Many, de saneamde Ertenk of Ardhang/Arzhang (fan it Aldperzyske artha-thanha, wat likernôch "boadskip fan 'e wierheid" betsjut). Yn it Gryksk en Koptysk hiet it fan Eikon, en ek wurdt it wol It Plaatsjeboek neamd, mei't it feitlik in plaatsjeboek wie, wêryn't mei yllústraasjes de yngewikkelde manigeeske kosmology útlein waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |