Arameesk alfabet
It Arameesk alfabet is it alfabet dat sûnt de 8e iuw f.Kr. brûkt wurdt om Arameesk te skriuwen. It is in Semitysk alfabet dat stammet fan it Fenisysk alfabet. It alfabet hat 22 letters en it Arameesk wurdt fan rjochts nei lofts skreaun.
It Arameesk alfabet stiet oan de basis fan in protte Semityske alfabetten. Dat it kin as memmeälfabet beskôge wurde fan ûnder oaren it Arabysk, Hebriuwsk en it Syrysk.