3 Barûch, ek wol bekend as de Grykske Iepenbiering fan Barûch, is in algemien as apokryf beskôge religieus joadsk geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan Baruch ben Neriah, dy't yn it Alde Testamint omskreaun wurdt as de learling en klerk fan 'e profeet Jeremia. Yn it echt is 3 Barûch it wurk fan ien of mear anomime skriuwers, en datearret it yn elts gefal fan nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen, yn it jier 70, en wierskynlik fan koart nei 130, al miene guon saakkundigen dat syn oarsprong noch folle letter, yn 'e trêde iuw, socht wurde moat.

3 Barûch
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun koart nei 130 n.Kr. (?)

Oerlevering bewurkje seksje

3 Barûch, dat net betize wurde moat mei it deuterokanonike 1 Barûch of mei de besibbe apokrife geskriften 2 Barûch en 4 Barûch, is benammen oerlevere yn guon Gryksktalige manuskripten, wylst der ek in pear eksimplaren fan bewarre bleaun binne yn it Aldtsjerkeslavysk, de eardere deade tsjerketaal fan 'e Slavyske eastersk-otterdokse tsjerken. Dêrby is opfallend dat de Grykske hânskriften in kristlike toansetting hawwe dy't yn 'e Aldtsjerkeslavyske teksten ûntbrekt, wat derop wiist dat de oerlevere Grykske foarm in lettere werskriuwing troch in kristlik auteur is.

Ynhâld bewurkje seksje

Krekt as 2 Barûch giet 3 Barûch yn op 'e steat fan Jeruzalim nei de ferwuostging fan dy stêd en syn timpel troch de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II, yn 586 f.Kr. En krekt as yn it gefal fan 2 Barûch binne teologen en bibelwittenskippers ek hjir fan tinken dat dat eins symboal stiet foar de ferwuostging fan Jeruzalim troch de Romeinen yn 70 n.Kr. 3 Barûch pleatst dit kommentaar yn it ramt fan in mystyk fizioen dat Baruch ben Neriah ûndergiet, en wêryn't er opnommen en rûnlâat wurdt yn 'e earste fjouwer (fan yn totaal sân) himels, en alle wûnders toand wurdt dy't dêr te sjen binne. Wat de sintrale tematyk fan it boek oangiet, wol 3 Barûch hawwe dat de Timpel beholden is yn 'e himel en dêr folslein funksjonearret en yn wurking holden wurdt troch ingels, sadat der gjin needsaak is om 'e ierdske timpel wer op te bouwen (wat moai útkaam, want dat wie de Joaden troch de Romeinen ferbean). Teffens komt de fraach oan 'e oarder wêrom't God rjochtfeardigen lije lit, en it antwurd dêrop dat 3 Barûch biedt, is in fizioen fan in hjirneimels wêryn't sûnders harren fertsjinne straf krije en frommen rjochtlik beleanne wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus