Regel fan de Gemeente
De Regel fan de Gemeente is in sektaryske joadske tekst dy't yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw te Qumran, yn it Westjordaanlân, ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. It manuskript, dat fûn waard yn Grot 1, stiet bekend as 1QSa, en makket diel út fan deselde boekrôle dy't ek twa oare geskriften omfettet, te witten: de Mienskipsregel (1QS) en de Regel fan de seiniging (1QSb). De boekrôle mei Regel fan de Gemeente en de beide oare teksten datearret fan it earste fearn fan 'e earste iuw f.Kr. (100-75 f.Kr.), al sil dat in kopy wêze en geane de teksten as sadanich werom oant de twadde iuw f.Kr.
Regel fan de Gemeente | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 75 f.Kr. |
De Regel fan de Gemeente jout in beskriuwing fan in mienskip út 'e Eintiid, besteande út manlju, froulju en bern, dy't har oan it ferbûn mei God holden hawwe en boete dien hawwe foar de dieden fan ferkearde lju. Der folget in foarsizzing dat der yn 'e lêste dagen in grutte oarloch komme sil mei de heidenfolken, en dat hiel it Joadske folk him dan by dizze mienskip jaan sil om te fjochtsjen. Fierders wurdt der yn 'e Regel fan de Gemeente op ferskate plakken omtinken jûn oan 'e regels en wetten fan 'e mienskip, wêrby't saken as de plichten dy't elts lid oplein wurde, it bestjoer fan 'e gemeente en it preesterskip op 't aljemint komme. Teffens wurdt der foarsein dat der ien of mear manlju (dat is ûndúdlik) komme sil/sille dy't "de Messias fan Aäron en David" neamd wurdt/wurde, en hoe't de mienskip dan feestfiere sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |