Evangeelje fan Basilides
It Evangeelje fan Basilides is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wurdt neamd yn ferskate ier-kristlike boarnen, û.m. troch de tsjerkfaars Origenes, Hieronymus fan Stridon, Ambroazius en letter troch de Midsiuwske Angelsaksyske mûnts Beda, mar is fierders ûnbekend. Ut 'e sitaten fan 'e neamde tsjerkfaars kin opmakke wurde dat it Evangeelje fan Basilides wierskynlik tusken 120 en 140 yn Egypte skreaun waard. It wie in evangeeljeharmony, dy't de ynhâld fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes op gnostyske basis mei-inoar feriene.
Evangeelje fan Basilides | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | ûnbekend (ferlern gien) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 140 n.Kr. |
Ien fan 'e ferskillen mei it rjochtsinnige kristendom is dat Jezus Kristus yn it Evangeelje fan Basilides net sels oan oan it krús slein wurdt, mar ynstee Simon fan Syrene, de man dy't neffens de synoptyske evangeeljes troch de Romeinske soldaten ronsele waard om Jezus syn krús nei de heuvel fan Golgota te dragen doe't Jezus it sels net mear hâlde koe. Neffens it Evangeelje fan Basilides waard de man, doe't er dêr ienris oankaam, foar Jezus oansjoen en ûnskuldich terjochtsteld, wylst Jezus op dy manear oan 'e dea ûntkaam en letter sûnder stoarn te wêzen opfear nei de himel. Sadwaande waard dizze tekst troch lettere kristlike teologen fersmiten as in kettersk geskrift.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography References, op dizze side. |