Gryksk Evangeelje fan de Egyptners
It Grykske Evangeelje fan de Egyptners wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie ien fan 'e gnostyske evangeeljes. De titel is in modernenien, dy't ôflaat is fan 'e begjinregel. It moat net betize wurde mei it Koptyske Evangeelje fan de Egyptners, dat in hiel oare tekst is.
Gryksk Evangeelje fan de Egyptners | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 130 n.Kr. |
Oerlevering
bewurkje seksjeIt Grykske Evangeelje fan de Egyptners wie skreaun yn 'e Egyptyske stêd Aleksandrië, en kin datearre wurde tusken 120 en 150. Yn 'e twadde en de trêde iuw skynt it yn Egypte rûnom yn 'e tsjerken lêzen te wêzen. Der is gjin manuskript fan bewarre bleaun en it is inkeld oerlevere yn sitaten dy't diel útmeitsje fan oare geskriften, almeast skreaun troch anty-gnostyske kritisy, lykas Klemins fan Aleksandrië en Epifanius fan Salamis. Ut 'e op dy manear oerlevere fragminten is dreech op te meitsjen hoefolle wiidweidiger oft de oarspronklike tekst wie, of hokker oare ûnderwerpen oft deryn op 't aljemint kamen, of sels mar oft de fragminten wol it essisjele boadskip fan it hiele geskrift represintearje.
Ynhâld
bewurkje seksjeYn elts gefal liket it Grykske Evangeelje fan de Egyptners in útsprake-evangeelje west te hawwen, dat de foarm fan in dialooch hie tusken Jezus fan Nazaret en syn froulike dissipel Salomé. Dêrby bepleitet Jezus in selibatêr bestean, of better sein seksuële askeze. Ien passaazje út 'e oerlevere fragminten is ferneamd wurden, ntl. as Salomé freget: "Hoe lang sil de dea noch oerwinne?", wêrop't Jezus antwurdet: "Salang't froulju noch bern drage sille." It Grykske Evangeelje fan de Egyptners liket út te dragen dat it lichem it tichthús fan 'e siel is, en dat de dea as in befrijing sjoen wurde moat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |