Himelfeart fan Mozes
De Himelfeart fan Mozes, ek wol it Testamint fan Mozes neamd, is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't benammentlik bekend is troch de ferwizings dy't dernei makke wurde yn it nijtestamintysk Brief fan Judas. It is ûnfolslein oerlevere yn 'e foarm fan ien inkeld skansearre manuskript út 'e sechsde iuw, skreaun yn it Latyn, dat yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Biblioteca Ambrosiana te Milaan ûntdutsen waard troch Antonio Ceriani, en dat yn 1861 troch him publisearre waard. De Himelfeart fan Mozes is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan 'e Israelityske profeet en foaroanman Mozes, wêryn't dy koart foar syn ferstjerren profetearret oer wat der nei syn dea barre sil.
Himelfeart fan Mozes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk of Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 150 n.Kr. |
Datearring
bewurkje seksjeMei't der yn 'e tekst foarsizzings steane oer Heroades de Grutte (reg. 37 f.Kr.-4) en oare histoaryske persoanen út 'e iere earste iuw, geane de measte saakkundigen derfan út dat it yn 'e earste helte fan 'e earste iuw troch in anonym skriuwer optekene wêze moat. Oaren, lykwols, miene dat de ferwizings nei earste-iuwske figueren lettere tafoegings binne, en datearje de Himelfeart fan Mozes yn 'e earste iuw f.Kr. Op grûn fan eigenaardichheden op it mêd fan taaleigen, giet men der algemien fan út dat de oerlevere Latynske ferzje in oersetting is út it Gryksk, en dat de Grykske ferzje nei alle gedachten in fertaling út it Hebriuwsk wie of mooglik út in oare Semityske taal, lykas it Arameesk.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Himelfeart fan Mozes is ferdield yn tolve haadstikken, dy't sabeare besteane út 'e geheime profesijen dy't troch Mozes koart foar syn dea trochjûn wêze soene oan Jozua, syn opfolger as lieder fan 'e Israeliten. Yn H.f.M. 1 kiest Mozes, as er syn ein neieroan kommen fielt, Jozua út as syn opfolger en bejeftiget er him mei de boeken fan 'e Pentateûch (oftewol de Torah). Mozes syn rol as midsman tusken it Israelityske folk en God wurdt hjirby beklamme. Yn H.f.M. 2-5 giet de fertelling oer yn in profesije, wêrby't Mozes oan Jozua de skiednis fan 'e Joaden foarseit oant de twongen hellenisaasje ûnder de Seleusidyske kening Antiochus IV Epifanes (reg. 175-164 f.Kr.). Yn H.f.M. 6 wurde de Hasmoneeske foarsten fan Judeä en Heroades de Grutte mei dy syn soannen beskreaun.
H.f.M. 7 giet oer de Ein fan de Tiden, mar it manuskript is op dit punt sa bot skansearre dat de fragmintaryske tekst net mear te folgjen is. Yn H.f.M. 8 giet it geskrift fierder mei in beskriuwing fan in grutte ferfolging fan 'e fromme joaden troch skynhilligen, wylst H.f.M. 9 fertelt oer in Levyt dy't fan Takso hjit, en dy't him mei syn sân soannen leaver libben begrave lit yn in grot, as dat er tajout oan 'e druk om syn leauwe los te litten. Guon bibelwittenskippers ynterpretearje dizze beide haadstikken as in foarsizzing dy't te krijen hat mei de Ein fan 'e Tiden, mar oaren binne fan tinken dat haadstik 8 en 9 oarspronklik tusken haadstik 5 en 6 yn stien hawwe, en dat it hjir oer foarfallen út 'e tiid fan 'e Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.) giet. H.f.M. 10 hat de foarm fan in hymne, wêryn't besongen wurdt dat God oan 'e Ein fan 'e Tiden fanwegen komme sil en dat dan de heidenfolken bestraft en Israel ferhege wurde sil. De tekst beslút mei H.f.M. 11-12, wêryn't Mozes Jozua oantreastet om 'e takomst net te eangjen, mei't Gods plan foar de Israeliten wurklikheid wurde sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |