Hannelingen fan Petrus en Andréas
De Hannelingen fan Petrus en Andréas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in koart geskrift út 'e trêde iuw, dat net betize wurde moat mei de Hannelingen fan Andréas, noch mei de Hannelingen fan Petrus.
Hannelingen fan Petrus en Andréas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 3e iuw |
De Hannelingen fan Petrus en Andréas is ûngewoan yn 'e sin dat de anonime skriuwer blykber net de bedoeling hie om der in beskate kristlike lear mei út te dragen. Wat dat oangiet, is dizze tekst de literatuer neier as de teology. De Hannelingen fan Petrus en Andréas bestiet út in rige útsûnderlik lange ferhalen oer wûndertekens dy't de apostels Petrus en Andréas ferrjochte hawwe soene. Sa riidt Andréas yn ien ferhaal op in wolk nei Petrus syn ferbliuwplak ta, wylst Petrus yn in oar ferhaal letterlik in kamiel troch it each fan in nulle hellet (in ferwizing nei de nijtestamintyske útspraak fan Jezus fan Nazaret dat it makliker wêze soe foar in kamiel om troch it each fan 'e nulle te gean, as foar in ryk man om yn te gean ta it keninkryk fan 'e himels).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |