De Falasja's binne de Joaden út Etioopje. It wurd falaša komt út it Geëz of Aldetiopysk, en betsjut safolle as "balling", "frjemdling" of "ymmigrant". Sels neame de Falasja's har Bēta 'Isrā'ēl, dat "Hûs fan Israel" betsjut.

Etiopyske froulju by de Kleimuorre yn Jeruzalim.

De Falasja's komme út 'e omkriten fan Gondar en Aksum, yn noardlik Etioopje. Oant 1860 hiene se it kontakt mei oare Joadske mienskippen yn 'e wrâld ferlern. De Westerske wittenskip waard harren bestean foar it earst gewaar doe't de Britske ûntdekkingsreizger James Bruce harren yn syn boek Travels to Discover the Source of the Nile ("Reizen om de Boarnen fan de Nyl te Untdekken") neamde.

Yn 'e folksmûle wurde de Falasja's in ferlerne stammme" neamd. Troch it Israelyske oerrabbinaat en regear waarden de Falasja's yn 1975 as "offisjele" joaden erkend. De minister-presidint fan Israel út dy tiid, Yitzchak Rabin, krige dúdlike regels fan oerrabbyn Ovadia Yosef dat sy legitime ôfstammelingen wiene fan 'e ferlerne stammen. Lykwols waarden se allegear wol ferplichte in pro forma halachyske religieuze bekearing te dwaan ta it joadendom, fanwege harren ôfwikende gebrûken (û.o. dat it joadendom oergie fan heit op soan).

Sawat de hiele Falasja-mienskip waard neitiid ûnder de Wet op Weromkear (fan 1950) nei Israel ta helle. Dat barde by Operaasje Mozes, yn 1984, Operaasje Jozua, yn 1985, en Operaasje Salomo, yn 1991. It wie eins de bedoeling om alle Falasja's by Operaasje Mozes nei Israel oer te bringen, mar troch de politike tastân yn Etioopje kaam der al nei in stikmannich wiken in abrupt ein oan dat barren. Sadwaande wiene it benammen de 35.000 Falasja's dy't Etioopje al ûntflechte wiene en op eigen krêft flechtlingekampen yn Sûdan berikt hiene, dy't mei Operaasje Mozes yn Israel bedarren. Operaasje Jozua waard ferrjochte troch de Amerikanen, en dêrby waarden nochris 650 Falasja's nei Israel ta brocht. Mei Operaasje Salomo ferhuzen 14.000 lju fan lân. Neitiid dripke it stadichoan noch wat troch, oant yn augustus 2013 melden waard dat de lêste 450 Etiopyske Joaden yn Israel arriveare wiene. Dêrmei kaam in ein oan 'e massale ymmigraasje. Yn totaal gie it dêrby om sa'n 90.000 Falasja's. Sûnt 2013 ferbliuwe yn Etioopje fan 'e Falasja's inkeld noch de Falasj Moera - in groep dy't har ta it kristendom bekeard hat - en in lytske mienskip fan út Jemen ôfkomstige Joaden te Addis Abeba. De opname fan 'e Falasja's yn 'e Israelyske maatskippij gie ynearsten trouwens net sa maklik.

 
Kaart fan de Falasja-emigraasjes nei Israel.

Neffens de tradysjes fan 'e Falasja's stamje se ôf fan Joaden dy't mei Menelik I yn Etioopje kamen. Menelik I soe de soan fan Salomo en de Bibelske keninginne fan Skeba west hawwe. Yn 'e Tenach is neat optekene oer sa'n relaasje tusken de keninginne fan Skeba mei kening Salomo. It algemien akseptearre ferhaal is dat de keninginne op besite wie by de Joadske kening en wakker ûnder de yndruk wie fan syn rykdom en wiisheid. Hja joegen inoar geskinken, en dêrnei sette de keninginne wer werom nei har folk yn Koesj. Yn Etioopje wurdt it ferhaal fan 'e leafdesrelaasje tusken de beide foarsten lykwols rûnom ferteld.

Yn Israel binne der learde rabbinen dy't beweare dat de Falasja's de neiteam binne fan 'e ferlern stamme Dan binne, dy't oarspronklik ôfstamje soene fan in soan fan 'e aartsfaar Jakob. It folk fan Dan soe in Joadsk keninkryk yn Afrika fêstige hawwe, dat dêr hûnderten jierren stân holden hawwe soe. Mei de komst fan it kristendom en letter de islam soe spul ûntstien wêze tusken de oanhingers fan 'e trije godstsjinsten, dy't inoar befochten. Lang om let bleau fan it Joadske keninkryk net folle mear oer as in lyts ferearme kloftsje folk.

Oare rabbinen, lykas Tzitz Eliezer en Moshe Feinstein, hâlde út dat oan 'e "joadskheid" fan 'e Falasja's hiel bot twifele wurde mei, en dat bekearing ferplicht is, en dus mear as inkeld in formaliteit.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beta Israel fan Wikimedia Commons.