Twadde Brief fan Jehannes

(Trochferwiisd fan 2 Jehannes)

It Twadde Brief fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή του Ιωάννου, Bēta Epistoli tou Ioannou, ek wol koartwei 2 Jehannes neamd, is it 24ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 19de fan 'e brieven, en de fyfde fan 'e Algemiene Seinbrieven. 2 Jehannes wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Jehannes6100), en de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei fral 3 Jehannes, mar ek mei 1 Jehannes en it Evangeelje fan Jehannes, dat de grutte mearderheid fan 'e saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde skriuwer binne (de Iepenbiering fan Jehannes wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en teologen it lykwols net oer iens binne, is oft de evangelist Jehannes, dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. 2 Jehannes wurdt yn 'e regel datearre om 98 of 99 hinne. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Jehannes wie fan 'e hân fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't him yn 1913 publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.

Twadde Brief fan Jehannes
algemiene gegevens
oarspr. titel Β' Επιστολή του Ιωάννου
("Bēta Epistoli tou Ioannou")
auteur Jehannes (evangelist)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 9899 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Earste Brief fan Jehannes
● folgjend diel Tredde Brief fan Jehannes
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Twadde Brief fan Jehannes
publikaasje 1913, yn Yn Us Eigen Tael
oersetter Eeltsje Boates Folkertsma

2 Jehannes is ien fan 'e koartste boeken fan 'e Bibel, en beslacht, noaten net meirekkene, amper in heale side. It brief is rjochte "oan 'e útkarde frou en oan har bern, dy't ik oprjocht leafhaw" (2 Jeh. 1:1). Men giet der gauris fan út dat "de útkarde frou" de tsjerke sels is en dat "har bern" de leauwenden binne; ek is it mooglik dat der in beskate kristlike gemeente mei bedoeld is. It boadskip fan it brief is hiel dúdlik. Yn 'e twadde helte fan 'e earste iuw hiene gnostisy, dosetisten en oaren frijwat kristenen op 'e doele brocht, sa't Jehannes it seach. Hja learden dat Jezus Kristus inkeld yn oerdrachtlike sin de Soan fan God wie, of dat it, as er dat al wie, inkeld like hie as hied er in minsklik stal oannommen, of dat syn weropstanning inkeld in weropstanning fan 'e geast en net fan it lichem wie. Yn 2 Jehannes neamt de skriuwer dat dwaallearen en wiist er dy yn hurde bewurdings ôf; hy neamt sels de lju dy't soks ferkundigje "de ferlieder en de anty-Kristus" (2 Jeh. 1:7b). Hy riedt de "útkarde frou en har bern" om har tsjin sokken te wacht te nimmen en op te passen "dat jimme net kwytreitsje wat wy beskrept hawwe, mar it folle lean barre meie" (2 Jeh. 1:8).

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 1913 sette Eeltsje Boates Folkertsma alle trije brieven fan Jehannes yn har gehiel oer en publisearre se yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Dy oersetting kaam neitiid yn it Nije Testamint fan Folkertsma en dû. Geart Aeilco Wumkes te stean, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 2 Jehannes waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering