Yn Us Eigen Tael wie in Frysk tydskrift dat it orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) wie en dat yn it Frysk skreaun waard. It ferskynde fan 1909 ôf mei as ûndertitel "periodyk fan it Christlik Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse" en fan 1933 ôf mei as ûndertitel "moanneskrift fen it Kristlik Frysk Selskip". Oarspronklik waard it seis kear yn 't jier útbrocht, mar yn 1923 makke men der in moanneblêd fan. It doel fan it tydskrift wie om 'e Friezen yn har eigen taal oan it lêzen te krijen.

Yn Us Eigen Tael
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Frysk
sjenre literêr
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 19091943
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)
útjouwer Kristlik Frysk Selskip
oplaach 600 (1939)

De ynhâld fan Yn Us Eigen Tael wie fan it begjin ôf oan frij breed, mei literêre teksten en resinsjes, gebedens en stikken bibeloersetting, organisatoarysk nijs oangeande it KFS en taalkundige artikels. Geandewei waard it tydskrift lykwols wat langer wat literêrder, en fan 1932 ôf waard it ferieningsnijs fan it KFS apart yn in Byblêd ôfprinte. Yn Us Eigen Tael publisearre ferskate fúljetons, û.m. fan It Fryske Reveil yn Portretten fan Geart Aeilco Wumkes, Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse fan Jan Tjittes Piebenga en De Sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten. Ferskate foaroansteande dichters, lykas Fedde Schurer en Douwe Tamminga, makken har debút yn it blêd.

De wichtichste meiwurkers fan Yn Us Eigen Tael wiene: Geart Aeilco Wumkes fan begjin oant ein; Eeltsje Boates Folkertsma fan 1913 ôf; Gerben Postma en Pieter de Clerq oant 1915; Rinke Tolman fan 1916 oant 1919; en Anders Minnes Wijbenga oant 1929. It tydskrift sette oarspronklik útein mei in oplaach fan sa'n 500 en woeks oan ta in 1.000 yn 1912, wêrnei't it stadichoan tebekrûn oant likernôch 600 flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1943 waard Yn Us Eigen Tael úteinlik opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: