De wezeling of weesling (wittenskiplike namme: Mustela nivalis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn frijwol hiel noardlik Jeraazje en noardlik Noard-Amearika. Ek yn Fryslân komt er rûnom foar, al wurdt er net faak waarnommen. De wezeling is it lytste rôfdier fan 'e wrâld, en liket by 't simmer tige op 'e harmeling (dy't winterdeis in wite pels hat). De wezeling is lykwols lytser fan stal en hy mist de swarte sturtpunt fan syn gruttere miich. Wezelingen binne fûleindige rôvers, en kinne proaidieren oan dy't folle grutter binne as sysels. Se binne sawol oerdeis as nachts aktyf en hâlde gjin wintersliep. De IUCN klassifisearret de wezeling as net bedrige.

wezeling
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela nivalis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen fersprieding
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

Fersprieding

bewurkje seksje

De wezeling komt yn suver hiele Jeropa foar, útsein Yslân, Ierlân, en de eilannen yn 'e Middellânske See. Fierders is er yn 'e Alde Wrâld lânseigen yn it noarden fan 'e Magreblannen Algerije, Marokko en Tuneezje, de Nyldelta fan Egypte, hiele Sibearje, Sintraal-Aazje en Koreä en it grutste diel fan Mongoalje. Yn Sina komt er foar yn dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, frijwol hiel Mantsjoerije en in part fan it sintrale diel fan it lân, dat û.m. de provinsje Sichuan omfettet. Ek libbet de wezeling yn in healmoannefoarmige krite yn it Midden-Easten, dy't rint fan it Sagrosberchtme yn Iraan oant de Middellânske-Seekust yn 'e Levant. Yn Japan komt er foar op it noardlike eilân Hokkaido en yn it noarden fan it súdlik dêrfan leine Honsjû.

Yn Noard-Amearika komt de wezeling, ek as in lânseigen soarte, foar yn hast hiel Alaska, útsein de Aleoeten, de eilannen yn 'e Beringsee, it meastepart fan it Alaskaskiereilân, de Kodiakarsjipel en it meastepart fan Súdeast-Alaska. Yn Kanada libbet er ek yn hast it hiele lân, útsein de Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân yn 'e Stille Oseaan, it westen en suden fan Britsk-Kolumbia, it suden fan Alberta, de Arktyske Arsjipel, Nijfûnlân en de Kanadeeske Kustprovinsjes. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt de wezeling foar op 'e noardlike Grutte Flakten, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren en yn 'e Appalachen.

Yn Nij-Seelân en yn Patagoanje (súdlik Argentynje) en súdlik Sily komt de wezeling foar as in troch de minske yntrodusearre eksoat en dêr hat er gâns ekologyske skea oanrjochte ûnder de lânseigen fauna. Dit bist is ek troch de minske ynrodusearre op Malta en Kreta yn 'e Middellânske See, de Azoaren, Madeara, de Kanaryske Eilannen, Bermuda en de Falklâneilannen yn 'e Atlantyske Oseaan en São Tomé yn 'e Bocht fan Guinee.

 
In wezeling.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De wezeling is in lyts bistke mei in fyn, lichtliddich en koartskonkich lichem. In folwoeksen eksimplaar hat trochinoar in kop-romplingte fan 181/2 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 5 sm. De skofthichte bedraacht 4–5 sm en it gewicht leit om 'e 95 g hinne. Der bestiet in dúdlike seksuele dimorfy, mei't mantsjes in stik grutter binne as wyfkes. Mantsjes hawwe in kop-romplingte fan 15–24 sm, mei in sturtlingte fan 4–6,7 sm en in gewicht fan 65–150 g. Wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 13–21 sm, in sturtlingte fan 3–51/2 sm, en in gewicht fan 40–85 g (dat betsjut dat guon eksimplaren lichter binne as in fjildmûs, dy't de 45 g helje kin). Boppedat binne yn it suden fan Jeropa wezelingen in bytsje grutter as yn it noarden, en kin de trochsneed lingte nei regio ferskille. De dwerchwezeling, in fan Finlân oant Sibearje foarkommende ûndersoarte, is nòch lytser, en de bangswezeling, in Noardamerikaanske ûndersoarte, is it lytst fan allegearre.

Wezelingen hawwe in pels dy't op 'e rêch, kop en de bûtenkant fan 'e poaten rodzich oant kastanjebrún is, en op 'e bealch, kiel en oan 'e binnenkant fan 'e poaten wyt. De ôfbeakening fan 'e beide kleuren is ûnregelmjittich. De sturt is readbrún en mist de swarte punt dy't de gruttere en nau besibbe harmeling (Mustela erminea) wol hat. Yn it hege noarden wurde wezelingen winterdeis foar in part wyt, mar yn Nederlân en Belgje hâlde se by it ferhierjen fierhinne har simmerkleuren. Wezelingen hawwe in wyt plak op 'e kiel en in readbrune sturt.

Wezelingen komme sawol yn stedske gebieten as op it plattelân foar. Se libje benammentlik yn 'e buert fan rûchten, hagen, strewelleguod en boskrânen, mar se kinne rûnom oerlibje, salang't der mar genôch beskûl en proaidierte is. De bisten hâlde sadwaande ek wol ta yn biotopen dy't útinoar rinne fan greiden oant wâlden, fan sândunen oant berchtmen en fan sompen oant woastinen.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Wezelingen binne sawol oerdeis as nachts aktyf, wêrby't se op ûnregelmjittige mominten rêstperioades ynlaskje. Faak rjochtsje se har op 'e efterpoaten op om harren om-en-by te ferkennen. It binne solitêr libjende bisten. It territoarium fan in mantsje oerlapet ornaris de territoaria fan ferskate wyfkes. De hoale fan in wezeling is faak in âlde hoale fan in opfretten proaidier. It nêst wurdt yn kâldere streken beklaaid mei hierren út 'e pels fan proaidieren, sadat de wezeling syn lange lichem waarm hâlde kin. Wyfkes lizze yn it foarjier foarrieden oan, sadat se minder hoege te jeien en enerzjy sparje kinne foar de dracht.

 
In wezeling dy't in wylde knyn deadet.

De peartiid duorret by wezelingen fan febrewaris oant en mei april. Nei in draachtiid fan 35–40 dagen (dy't soms útrinne kin oan 70 dagen) fynt de earste smeet yn maaie plak. De wezeling hat gjin ferlinge draachtiid, sa't in soad oare martereftigen dy kenne. By genôch fretten folget der yn july of augustus noch in twadde smeet. Eltse smeet kin bestean út 4–12 jongen, mar ornaris bliuwt it by 5–7 jongen, dy't blyn te wrâld komme. Benammen yn in goed lemmingjier krije wezelingen yn noardlike populaasjes gruttere en mear smeten, wêrfan't it tal jongen oprinne kin oant 16 de smeet. De jongen út 'e maitiidssmeet groeie fluch, mar dy út 'e simmersmeet stadiger. Nei 4 wiken gean de eachjes iepen, en nei nochris 3–4 wiken wurde de jongen ôfwûn. As se 8 wiken âld binne, kinne se al goed jeie.

Nei 8–12 wiken ferlitte de jongen de mem en sykje in eigen territoarium. De bisten berikke geslachtsripens nei 3–4 moannen. Jongen út it earste nêst kinne dyselde simmers al in eigen nestke hawwe. De libbensferwachting fan wezelingen bedraacht yn it wyld trochinoar mar 11/2–2 jier, al kinne se yn teory 6 jier helje; yn finzenskip kinne se wol 10 jier wurde.

De wezeling is in karnivoar, dy't benammen kjifdieren, lykas mûzen, wrotmûzen en lemmingen fret, mar ek wol gruttere sûchdieren, lykas kninen en wetterrotten, fûgels, aaien, lytse reptilen, kikkerts en ynsekten. In protte fan harren proaidieren binne folle grutter as de wezeling sels. As wezelingen jeie, efterfolgje se proaien lykas lytse kjifdieren oant yn harren hoale, dêr't benammen it wyfke fanwegen de behindigens fan lichemsstal goed út 'e fuotten kin. De bisten frette alle dagen sawat in trêdepart fan har lichemsgewicht op. Se hawwe sa'n fluch metabolisme, dat se alle dagen ite moatte om net te ferhongerjen.

De wezeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân meie wezelingen net mear bejage wurde. Oars as foarhinne beskôget men de wezeling hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.

Opsomming fan ûndersoarten

bewurkje seksje

Der binne 17 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e wezeling (Mustela nivalis):

  • de Alleghenywezeling (M. n. allegheniensis)
 
Twa bangswezelingen, fan 'e lytste ûndersoarte, slaande deilis.
  • de bangswezeling (M. n. rixosa)
  • de dwerchwezeling of Sibearyske wezeling (M. n. pygmaea)
  • de Eskimowezeling (M. n. eskimo)
  • de flaktewezeling (M. n. campestris)
  • de gewoane wezeling (M. n. nivalis)
  • de Jarkandwezeling (M. n. stoliczkana)
  • de Japanske wezeling (M. n. namiyei)
  • de Kaukazyske wezeling (M. n. caucasica)
  • de Koreaanske wezeling (M. n. mosanensis)
  • de Mediterraanske wezeling (M. n. numidica)
  • de Middenjeropeeske wezeling (M. n. vulgaris)
  • de Russyske wezeling (M. n. rossica)
  • de Sichuanwezeling (M. n. russelliana)
  • de Toerkestaanske berchwezeling (M. n. pallida)
  • de Transkaukazyske wezeling (M. n. boccamela)
  • de Turkmeenske wezeling (M. n. heptneri)

De Egyptyske wezeling waard foarhinne ek as in ûndersoarte (M. n. subpalmata) beskôge, mar dy wurdt tsjintwurdich sjoen as in isolearre populaasje fan 'e Mediterrane wezeling. In oare eardere ûndersoarte fan 'e wezeling, de Tonkinwezeling (M. tonkinensis), wurdt no beskôge as in selsstannige soarte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.