Aleoeten
De Aleoeten (Ingelsk: Aleutian Islands) foarmje in 1.900 km lange keatling fan 14 grutte fulkanyske eilannen en 57 lytseren yn it noarden fan 'e Stille Oseaan. De arsjipel heart ta de Amerikaanske steat Alaska. Mei it Alaska-skiereilân, dat ûnderdiel fan it Alaskaanske fêstelân útmakket en skerp útstiket yn 'e rjochting fan 'e eastlikste eilannen fan 'e groep, en yn 'e mande mei de Russyske Kommandeurseilannen en it skiereilân Kamtsjatka foarmje de Aleoeten de skieding tusken de gruttere Stille Oseaan, yn it suden, en de Beringsee, yn it noarden.
Aleoeten | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilannegroep | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
grutste plak | Dutch Harbor | |
sifers | ||
ynwennertal | 8.162 (2000) | |
oerflak | 17.670 km² | |
befolkingstichtens | 0,5 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –9 / –10 | |
simmertiid | UTC –8 / –9 |
- Dizze side giet oer de eilannegroep de Aleoeten. Foar it folk, sjoch: Aleoeten (folk).
Geografy
bewurkje seksjeMei-inoar beslane alle Aleoeten in grûngebiet fan 17.670 km². Foar 1867 stiene se bekend ûnder de namme fan 'e Katerine-eilannen, ferneamd nei de Russyske keizerinne Katerine de Grutte, mar doe't se dat jiers troch de Alaska-oankeap oergiene yn Amerikaanske hannen, waarden se omneamd. De Aleoeten besteane út fiif lytsere eilannegroepen, fan it easten nei it westen de Fokse-eilannen, de Eilannen fan de Fjouwer Bergen, de Andreanofeilannen, de Rotte-eilannen en de Neie Eilannen. De grutste eilannen binne Attu, dat it fierste fan it fêstelân fan Alaska ôf leit, en fierders Unimak, Unalaska, Umnak en Akun, dy't allegear ûnderdiel foarmje fan 'e Fokse-eilannen.
De Aleoeten wurde dominearre troch it Aleoetysk Berchtme, dat 57 fulkanen teld wêrfan't guon aktyf binne, mei in maksimale hichte fan omtrint 1.900 m. De eilannen meitsje ûnderdiel út fan 'e saneamde Ring of Fire, in seismologysk aktive keatling fan berchtmen en fulkanen om 'e Stille Oseaan hinne, dêr't geregeldwei ierdbevings foarkomme. Mei't de Aleoeten oer de 180ste lingtegraad hinne geane, binne se it meast westlike diel fan 'e Feriene Steaten, en, ôfhinklik fan wêr't men de datumgrins leit, ek it meast eastlike.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hiene de Aleoeten doe in befolking fan 8.162 minsken, wêrfan't 4.283 yn Unalaska wennen. Dat is it grutste plak fan arsjipel, dat op it eilân mei deselde namme leit. It is bekender ûnder de namme Dutch Harbor, al ferwiist dy oantsjutting eins inkeld nei de pleatslike havenfasiliteiten. De lânseigen befolking fan 'e eilannen binne de Aleoeten, in etnyske groep dy't nau besibbe is oan 'e Inûyt.
Klimaat
bewurkje seksjeDe trochsneed temperatuer op 'e Aleoeten is yn augustus 11 °C, en yn jannewaris –1 °C. Rekôrtemperatueren binne 26 °C en –15 °C. De eilannen krije jiers sa'n 2.000 mm delslach, en binne dêrmei ien fan 'e reinichste dielen fan 'e Feriene Steaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|