Everwinus Wassenbergh

Everwinus Wassenbergh (Lekkum, 25 septimber 1742 – dêre, 3 desimber 1826) wie professor yn Frjentsjer. Hy joech Gryksk oan de Universiteit fan Frjentsjer en dosearre fan 1797 ôf ek Nederlânsk oan dizze universiteit. (Hy fûn nammentlik dat de beschaafde kennis onser moederspraake ûnder de studinten te winskjen oerliet.) Hy hat him wol ynsetten foar it Frysk. Hy stiet bekend as de man fan de Wassenberghse Renêssânse. Yn 1774 kaam syn Verhandeling over de eigennamen der Friesen: met ses bylagen daar toe betrekkelijk en eene toelage van friesche spreekwoorden út. Der is in hânskrift fan Wassenbergh mei de titel Bijdrage tot een Idioticon Frisicum, of verzameling van woorden en spreekwijzen, den Friezen in het bijzonder eigen (± 1780). In soad fan syn taalkundich wurk stamt út de tiid dat er yn Frjentsjer tahâlde. Yn syn Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I, út 1802, publisearre er foar it earst in hiel haadstik út it Nije Testamint (Mattéus 6) yn it Frysk (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it Hylpersk besibbe en letter útstoarne dialekt fan Molkwar).

Everwinus Wassenbergh
(Koll. Museum Martena)

Everwinus wie in soan fan ds. Abraham Wassenbergh (predikant te Lekkum en Miedum) en Clarissa Maria Langenhert. Op 25 oktober 1772 troude er mei de Amsterdamske Maria Ratelband. Op 30 july 1774 waard harren soan Hieronymus berne (de lettere rektor Latynske skoalle Lochem, Frjentsjer) en op 13 augustus 1785 harren dochter Clarissa Maria.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje

Redefierings en Oraasjes

bewurkje seksje
  • Oratio metrica pro poesi (1762)
  • Den hoog geleerden heere F.U. Winter het bestier van Frieslands hooge school aanvaerdende (1767)
  • Everwini Wassenbergh Oratio de urbe Daventria, eruditionis in Belgio matre, et conservatrice celeberrima. Dicta publice d. 10 Martis MDCCLXVIII .., Deventer: J.H. van Wyk (academyske rede Dimter; befettet ek ienige gedichten op de auteur yn it Gryksk, Latyn en Nederlânsk) (1768)
  • Everhardi Jani Benjamini Schonck Jcti oratio inauguralis de optima pubis erudiendae methodo : habita publice ... ad VI Novembris MDCCLXIX. Cum scholarum Gorinchemensium moderamen ... in se susciperet, Gorinchem: Cornelis Goetzee (mei E.J.B. Schonck, A.C. Schonck, I. Ruardi skreaune rede gymnasium Gorinchem; mei gedichten fan Ev. Wassenbergh) (1770)
  • Sermo de regundo in Graecis studiorum cursu (8 jan. 1771)
  • Oratio de laudabilibus quibusdam prisci aevi Graecorum maxime institutis hodie neglectis : dicta auctoritate publica A.D. 25 septembris 1771 quum ordinariam Graecae linguae professionem in Academia Franekerana solemniter adiret (academyske rede Frjentsjer) (1771)
  • Friesland aan zijn doorluchtigste hoogheid, den heere prince erfstadhouder Willem de V. bij hoogst-desselfs aankomst, en inhuldiging, Frjentsjer: Willem Coulon (1773)
  • Laudatio funebris Ioannis Schraderi: Franequerae in celebri dicta panegyri a.d. Martii MDCCLXXXIV, Frjentsjer: (wed.) Willem Coulon (1784)
  • Laudatio funebris Ioannis Schraderi: Franequerae in celebri dicta Panegyri a.d. XIX Martii MDCCLXXXIV; accedunt Amicorum et discipulorum epicedia Fr.: D. Romar (1784)
  • Oratio de Conditione literarum, quae fuit seculo decimo sexto (rektorale rede; net útjûn) (1785)
  • Oratio de bonarum hodie literarvm et ervditionis in Belgio commodis et incommodis, eaqve vel amplificandi, vel tollendi modis: Publice dicta, quum magistratu academico secundum abiret. A.d. 7 Iunii MDCCXC, Frjentsjer: (wed.) Willem Coulon (academische rede; 1790)
  • Oratio de Abusu ingenii in ea praesertim Sententia spectato quae Iliadem atque Odysseam Homero magnam partem abiudicat (rektorale rede; net útjûn) (1798)
  • Oratio de varia academiae Franequeranae nuper fortuna, habita a.d. 13 junii 1803, Wassenbergh, Everwinus, Leovardiae (rektorale redefiering ut 1803)
  • Oratio de Admirabili et infinita rerum omnium ingeniorum praesertim et studiorum varietate (rectorale rede; onuitgegeven) (1809)
  • Redevoering ter gedachtenisse van Nikolavs Tholen, kandidaat in de fakulteit der geneeskunde, overleden te Leiden, den 7 van grasmaand 1819, in den ouderdom van 22 jaren: uitgesproken ter vergadering der afdeeling Franeker van de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, den 16 van slachtmaand 1819, Franeker: Taeke J. Tuinstra (1820)
  • Everwini Wassenberghii oratio eucharistica dicta publice a.d. XIX. Junii 1821 postquam literas docens humaniores annum implevisset quinquagesimum, Ljouwert: Proost (rektorale rede Frjentsjer, 1821)
  • Viro illustri, generosissimo Idsardo Aebinga ab Humalda, professores Franequerae docentes omnes festis epulis excipienti. a.d. XXV Octob. MDCCCXXII. Yn: Alg. konst- en letterbode; 19 (1822), no. 47, pp. 322, 323 (mei byskrift J.W. de Crane) (1822)
  • Everwini Wassenberghii Annotatio critica in Caii Laberii mimorum prologum, Yn: Commentationes Latinae Tertiae Classis Instituti Regii Belgici; 3 : 4. Amsterdam: Pieper en Ipenbuur (1824) (D. Laberius - 54 f.Kr.; as Verh. Ken. Ned. Ynst., 3e klasse) (1824)

Teologyske diktaten

bewurkje seksje
  • Dictaten over het Nieuwe Testament. Dl. 1.”Selecta e scholis L.C. Valckenarii in Evangelium Lucae. Idem in Actus Apostolorum Lucae 2: Dictata in Evangelium Marci 3: Dictata in Evangelium Matthaei (1775), met reg.) 4: Dictata in Pauli ad Thessalonicensi Epistolas (1805-1806) 5. Observationes philologicae quibus historia mortis Jesu illustrabitur 6: Dissertatio de glossis Novi Testamenti (VII), Frjentsjer (Hânskrift 1320; sa. 1770-1820)

Keppelings om utens

bewurkje seksje